Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.31125
Boardzer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm nei ûnderen strûpt, dan is it goed, gebeurt it oarsom, dan mat er alles sjen.
In hynder wurdt ek sa geboaren. Strûpt men de helm achterstofoar ôf, dan draecht er de kop omheech, docht men it nei ûnderen ta, dan rint er mei de kop foardel.
nl.verhalenbank.23871
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne.
Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre.
Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
Myn jonge is troud mei in dochter fan Piter Mook (= P. de Graaf). Sy krigen in berntsje. Doe kom Piter by harren en sei: "Jimme ha dit jonkje al, mar jimme hâlde it net."
"Hwat wyt heit dêr fan?" sei ús jonge.
"Tink mar om myn wurden", sei Piter.
Hy krige gelyk. 't Bern rekke wei. (Piter Mook wie mei de helm geboaren)
nl.verhalenbank.23779
Boardzer Bruining is mei de helm geboaren. Hy sjocht de bigraffenissen foarút.
As se by de geboarte de helm foaroer lûke, is it goed.
Lûke se de helm omheech, dan sjogge se letter alles.
nl.verhalenbank.24567
Ek us in kear doe gong Piter Mook de Hegewei del mei syn dochter. Doe sei er: "Wy matte oan kant, der komt hwat oan." Sy gongen oan kant. Der gong in lykstaesje foarby. De oare deis waerd dyselde bigroeven.
nl.verhalenbank.23780
Thomas Bruining wie de heit fan Boardzer Bruining. Hy wenne hjir op Houtigehage. Hy seach mear as oare minsken.
Op 'e Boelensloane hie âlde Sape wenne; dy wie al jierren wei. Op in joun seach Thomas Bruining Sape by de homeije stean. Hy waerd der sa kjel fan en sa bang dat hy stoude by ús ta 't hûs yn. Heit sei: Ik wol der fuort mei dy hinne om Sape to...
nl.verhalenbank.37680
Wie ien mei de helm geboaren, dan moest dy helm opbrând wurde. Dienen se dat net, dan moest sa'n ien letter altyd út bêd wei en der op út om lykstaesjes to sjen
nl.verhalenbank.22041
Guon binne mei de helm geboaren, dy matte der nachts altyd ôf. Ik praette us mei sa'n ien út 'e Harkema, dy seach doe krekt dat der ergens in lyk út 'e hûs droegen waerd.
nl.verhalenbank.24245