Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sytse Rapkes wie mei de helm geboaren. Hy wenne achter yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Deis siet er altyd yn 'e stoel doe't it in âld man wie, mar nachts moest hy der op út, hwant hy wie mei de helm geboaren. Dan switte hy der soms oer, sa seach hy der tsjin oan. Mar hy moest hwat sjen. Dat wienen dan altyd lykstaesjes dy't er to sjen krige.
nl.verhalenbank.20375
Dy't in helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20348
Gjalt Wagenaar wie in soan fan Alle Tet. Hy wenne yn 'e Harkema en wie mei de helm geboaren. Op in kear yn 't holst fan 'e nacht seach er op 'e dwarsreed by Hindrik Holthuis yn 'e Harkema in lykstaesje.
Hy is oerside gien, doe gong de lykstaesje foarby.
nl.verhalenbank.20345
Myn wiif komt fan 'e Keale Wei yn Grinslân, dy't fan Koartwâld nei Doezum rint. Tichte by harren wenne in âld wiif, dy wie ek mei de helm geboaren. Hja sei op in kear, har buorwiif soe dan en dan op it hôf komme, hwant hja hie de bigraffenis al sjoen. Mar op dat stuit skilde it buorwiif noch neat. Mar in trije of fjouwer wiken letter wie se dea.
nl.verhalenbank.20346