Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen bern, dy woarden mei de helm geboaren. As dy helm omleech lutsen woarde, mei de geboarte, dan moesten dy bern alles sjen. Lutsen se de helm omheech, dan net.
nl.verhalenbank.21898
Iense Boomsma wenne hjir op 'e Boelensloane. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se. Hy moest alle lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.32774
As der bern mei in helm geboaren woarden, woarden dy helms froeger djûr forkocht.
nl.verhalenbank.25269
Dy't mei de helm geboaren wurdt is ien fan in ûneven tal jonges. Deselden dy't lykstaesjes sjen matte, dat binne wjerwolven.
Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25302
Yn Surhuzum wenne Rapke Wijma. 't Wie famylje fan 'e bikende klokmakker fan Eastemar. Hy wie âld-feint. Ik gong jouns wolris mei him to kuijerjen. Op in joun doe wie 'k wer by him, doe sei er ynienen tsjin my: "Nou mast fan 'e wei ôfkomme."
"Hwerom mat ik dat?" sei 'k.
Hy sei: "Der komt in lyk oan. 'k Sil dy moarn wol sizze hwa't it is."
Ik sei:...
nl.verhalenbank.25261
Der wie ien op 'e Loane dy hie fan tofoaren in lykstaesje sjoen. Mar dat wie hiel eigenaerdich, hwant it wie dy nachts blêdstil waer. Mar de minsken dy't by dy lykstaesje wienen hienen de huodden en petten fêsthâlden en de regenkleden fan 'e froulju waeiden en wapperen alle kanten út. Sy wienen der skjin forlegen mei.
Dy lykstaesje wie op 't tsjerkhôf fan...
nl.verhalenbank.24383
Myn heit fortelde, dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Myn broer Hindrik is mei de helm geboaren. heit seach it, by de bifalling. Heit die him der gau ôf. Hy loek him nei ûnderen ta.
Hy hat him forbrând.
Dokters knoffelen de helms froeger faek achterút. Dan forkochten se dy oan ofsieren yn 't leger.
Wurdt de helm by 't ôfnimmen omheechlutsen,...
nl.verhalenbank.24877
Tryn Snipel dat wie hjir de kaartlegster. Ik kom us in kear by har mei myn faem. Doe seach se yn 'e kaert en sei: "Hwat ha jim elkoarren leaf. Mar jimme krije elkoar net."
Dy faem wie Wypk de Ruiter. Sy is my ûntrou woarn, doe't ik yn Dútslân arbeide. Doe haw ik it útmakke.
Snipel hie 't goed sjoen.
nl.verhalenbank.24451