268 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: helderziende
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Bontsje Knjillis wie mei de helm geboaren. Hy wenne oan 't spoar ûnder Kollumersweach (Knj. Veenstra). Wit hoe faek woarde der yn 'e nacht by him kloppe. Dan moest er út bêd wei en de wei út. Soms moest er hiele einen rinne. It is wol gebeurd dat er hielendal nei 't tsjerkhôf fan Kollumersweach ta moest. Dêr woarde dan ien bigraven. Dat moest hy sjen. 't...
nl.verhalenbank.24471
Eibert Veenstra syn heit wenne yn 't Wêst fan Bûtenpost. Dy moest ek altyd nei bigraffenissen sjen. Hy moest der yn 'e nacht út. En dan mocht er net op 'e wei lâns gean, mar alhiel oan 'e kant.
nl.verhalenbank.22766
Yn 'e Broek wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Soms moest er midden yn 'e nacht út bêd wei. Dan gong hy der út, soms yn 'e winterkjeld om nei lykstaesjes to sjen. Letter wie dy lykstaesje der dan faek werkelik.
nl.verhalenbank.19900
Dy't mei de helm geboaren is, dy mat der nachts faek út. Dan mat er lykstaesjes sjen. Der wenne sa'n man ûnder Kollumersweach, dy ha 'k wol kend. Dat wie Knjillis Veenstra. Dy seach geregeld lykstaesjes yn 'e nacht. Hy moest der soms hiele einen foar rinne, hiel Kollumersweach troch. Woed er lizzen bliuwe, dat joech him neat, hy woarde út bêd licht. Hy...
nl.verhalenbank.22969
Myn skoansuster Katrine wie mei de helm geboaren. Dy moest wit hoe faek nachts út bêd om in lykstaesje to sjen. Dan koe it minske net lizzen bliuwe. Dan hie se it krap. It kaem altyd nei.
nl.verhalenbank.30389
Myn beppe wie och sa'n gefoelich minske. Hja kaem ris in kear by ús, doe wie se hielendal fan 'e wize. Hja hie hwat sjoen en as hja hwat seach, dan grypte har dat bot oan. Dan hie se gjin rêst mear. Myn beppe seach wol faker hwat. Dat mòest se sjen. Dat wie sà kaem. Pake wie in man mei soms nuvere, healwize oanslaggen. Hy wie tsiiskoopman. Hy sutele mei...
nl.verhalenbank.29801
Dy't in helm hat, is kûgelfrij. In dokter wol sa'n helm wol keapje.
nl.verhalenbank.25168
Wessel Gal is mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.25395
Der kom us in man by Sjoerd Mounder to Eastemar. Dy sei: "Ik ha in nuver boadskip. Ik mis twa skiep. Doe ha 'k nei greate Wopke ta west. Dy sei: 'Jou skiep rinne to Eastemar yn in stik lân, dat hyt fan Wobbekamp'. Is hjir sa'n stik lân?" "Ja", sei Sjoerd Mounder. "Soenen jo mei my dêrhinne gean wolle?" "Jawol." En Sjoerd Mounder gong mei. It wie by de...
nl.verhalenbank.21871
Moeke woonde in Hantumer Uutbuurt. Daar had se forkering met in fint. Op in avond kuijeren se togearre. Doe moesten se in weg passeare. Doe sei hy teugen Moeke: "Wacht even Tryn, ik mat even oer de sleat." Doe sei Moeke: "Wat is dat met dy?" Doe sei hy: "Der giet in lykstaesje foarby." Moeke sei niks. Doe sei se: "It is sa't is, jonge, ik meitsje 't út."...
nl.verhalenbank.32616
Hjir op 'e heide wennen wol minsken dy't fan tofoaren al wisten dat der gau ien nei 't hôf ta brocht wurde soe. Se seagen dan fan tofoaren de lykstaesje. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.31482
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.31125
Kei syn pake wie in Gerrit. Dy fortelde ris, der soe in jonkje yn ús famylje fordrinke, in lytse Ealse. Dat wie him iepenbiere. Goed fjirtich jier letter is 't gebeurd. Der waerd letter net wer oer praet, nei't hy dat sein hie. Mar elke kear dat der wer in Ealse geboaren waerd, waerd der om tocht. Wy ha in stik of hwat Ealses yn 'e famylje. Fjirtich jier...
nl.verhalenbank.22011
Ik hie in kammeraet, dat wie Klaes. Hy wennet yn Grinzer Pein. Syn heit wie mei de helm geboaren. Dy seach alle bigraffenissen foarút. Hy koe fantofoaren sizze: dêr en dêr wurdt ien útdroegen en hy telde altyd de lju dy't achter it lyk oan roannen. Op in kear moest er nei de klaei ta to arbeidzjen. Mar de moarns dat er fuort moest, sei er: "Ik kin wol...
nl.verhalenbank.24662
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Sa'n helm wie gâns sinten wurdich, seinen se froeger.
nl.verhalenbank.24663
De naakte heks Volgens Peter de Wit, een soort helderziende, gebeurde het op 'Jentjeshof', omstreeks 1876. De paarden hadden al een paar nachten vreselijk onrustig gedaan, telkens tussen 12 en 1 uur middernacht stampten ze en sloegen dat het hele huishouden er wakker en bang van werd. De boer en de knecht besloten in de kamer naast de paardestal te gaan...
nl.verhalenbank.35587
1