Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.31125
Minsken dy't kûgelfrij binne, dy wurde yn 'e oarloch net deasketten. Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Ek deselden, dy't mei de helm geboaren binne.
Guon wolle graech sa'n helm ha, hwant sa'n helm biskermt har tsjin gefaren. Se wurde net deasketten en op sé forgiet it skip net, dêr't sy op farre.
Frijmitselers krije jild fan 'e duvel. Sy ha noait...
nl.verhalenbank.24305
Boardzer Bruining is mei de helm geboaren. Hy sjocht de bigraffenissen foarút.
As se by de geboarte de helm foaroer lûke, is it goed.
Lûke se de helm omheech, dan sjogge se letter alles.
nl.verhalenbank.24567
Wie ien mei de helm geboaren, dan moest dy helm opbrând wurde. Dienen se dat net, dan moest sa'n ien letter altyd út bêd wei en der op út om lykstaesjes to sjen
nl.verhalenbank.22041
Antsje Snipel wie hjir froeger de kaertlizter. Dêr reizge hiel hwat jongfolk hinne.
Ik wie to Ljouwert oan 't wurk. 'k Wie noch jong, sa'n tritich jier. Mei in stik of hwat maten gong ik op in joun dêr nei in kaertlizter ta. Hja frege of wy troud wienen.
Hja krige my by de hân. "Jo krije in ûngelok", sei se.
"Ha 'k al in pear kear hawn", sei 'k.
"Dit...
nl.verhalenbank.22035
Sa hat er ek de lykstaesje sjoen fan syn sweager Bearend, dy't mei Durkje troud wie. Dy wie yn 'e ûngetiid op 'e Fryske Klaei, doe't er stoar. Boardzer doarst it net to sizzen tsjin syn suster Durkje, mar de hiele bigraffenis seach er hjir yn Houtigehage.
nl.verhalenbank.31114
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Hy moest alles sjen. En dat binne gjin fabeltsjes, dat wie de wierheit.
Boardzer sei ris in kear tsjin my: "Och Frâns, hwat haw ik in minne nacht hawn. Ik moest der fannacht wer ôf, hwant dêr wie in lykstaesje. Hy fortelde my fan hwa't de lykstaesje wie dy't er sjoen hie.
't Wie dy fan Jan...
nl.verhalenbank.31113
Guon binne mei de helm geboaren, dy matte der nachts altyd ôf. Ik praette us mei sa'n ien út 'e Harkema, dy seach doe krekt dat der ergens in lyk út 'e hûs droegen waerd.
nl.verhalenbank.24245