Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In nachtmerje is ien fan sawn famkes út ien húshâlding.
Men mat in wiete dweil op in stoel of foar de stoel dellizze, dy't foar 't bêd stiet.
Men kin ek moal op it gesicht struije. As de nachtmerje moal oan har hat, kin se net fuortkomme. Se komme troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
Yn 'e spitkeet fan Albert (Alma) en Tet spûke it. 't Wie yn 'e Harkema. Hja...
nl.verhalenbank.10691
Hindrik van der Veen fan Twizelerheide hie forkearing mei Iebeltsje, Dy wenne oan it Wyldpaed.
As Hindrik by har op siet, moest er altyd foar tolven wer fuort. Dat woe Iebeltsje bislist sa ha. Hindrik tocht, it wie nuver, dat dat altyd moest. Dat soe fêst in reden ha, tocht him, en hy woe wol us wite, hwat dy reden dêrfan wie.
Dat, op in kear, doe bleau...
nl.verhalenbank.22116
Yn Kloosterburen tsjinne ik by in roomse boer. Dêr wie 'k forlegen fan 'e nachtmerjes. Doe sei de boer tsjin my: "Ik sal dy helpn, wicht." Doe struide er roggemoal op 'e stoel foar myn bêd. Doe krige ik gjin lêst mear.
nl.verhalenbank.20108
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze.
Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen.
Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
Ik lei op bêd. 't Wie hjir yn dit hûs. Ik seach in deakiste. Op dy kiste wie in kat. Dy kat sprong mei in plof op 'e groun. De kiste seach ik tige dúdlik. De hantfetten en alles koe 'k bêst ûnderskiede.
Doe kaem der hwat by my op bêd. Ik lei op 'e rêch. Datselde kaem op 't fuottenein by my en gong sa by my op oan 'e hals ta. Ik koe net sjen hwat it wie....
nl.verhalenbank.22021