Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster.
Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144
In tsjoenster mat ien kear yn 'e sawn jier ien dea meitsje, oars giet se der sels oan.
Dêr't sawn froulju op elkoar folgje is ien in tsjoenster fan.
nl.verhalenbank.19475
Tsjoensters hâlde der popkes fan lapeguod op nei. Dêr stekke se dan mei spjelden of nuddels yn om minsken to pinigjen.
nl.verhalenbank.19461
Frearke Fogel yn 'e Harkema wie in tsjoenster.
Us mem hat har mei ôflein. Doe lei der allinne mar in pânse op bêd, alles wie fuort. Mem sei: "Sa haw ik it noch noait earder mei bilibbe!"
Fogel hie ûnderweis west. Hja wie der op út to tsjoenen. Underweis wie se formoarde woarn. De pânse bleau op bêd lizzen. Dat wie it lyk.
nl.verhalenbank.19468
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Dy wie soms bot blau om 'e holle. Doomny kom op in kear by har, doe sei er: "Hwat binne jo blau om 'e holle."
"Ja," sei Tet, "ik stomp my altyd oan 'e bêdsdoarkes."
Mar 't wie de kweade, dy't har soms op 'e hûd joech.
nl.verhalenbank.19455
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt.
De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere.
Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
Yn 'e Fûgelkamp yn 'e Harkema wenne Iebel de Wind. Dy hie in bern, dat wie net goed. Tiet kom dêr in protte oer de flier. Der woarde Tiet wol neijown, dat se tsjoene koe. Sy mat it wiif fan Piter Rauwerda ek bitsjoend ha in jiermennich lyn.
Dat bern fan Iebel, dat tsjirme. Doe sei Hindrik syn mem (de skoanmem fan Iebel): "Ik hâld it der foar, it bern is...
nl.verhalenbank.19466