Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tsjoensters koenen har yn swarte katten foroarje en krânsen yn 'e kessens tsjoene.
Men lei duveldrek ûnder 'e drompel, dan hiet it dat de tsjoenster der net oer komme koe.
nl.verhalenbank.31900
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Dûmny Nieuwenhús fan Surhústerfean (= van de Nieuwenhuizen) krige wol iel fan Alle. Mar op in kear sei er, hy woe gjin wer ha.
It praetsje gong dat Tet, Alle syn wiif de iel bitsjoend hie. (Tet brocht de iel altyd nei dûmny ta.)
nl.verhalenbank.20216
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
nl.verhalenbank.32174
Achter Burgum wennen minsken, dy hienen in bern en dat rekke bitsjoend. Sy gongen nei de duvelbander ta en dy sei, it wie in âld wiif dy't it dien hie. Sy moesten it kessen mar ris neisjen en de krânsen dy't der yn sieten forbrânne. Sy moesten der foar soargje, dat alles goed ticht wie, de kaeisgatten en de skoarstiens ek, en de doarren op slot.
Der siet...
nl.verhalenbank.25637
Bouke Prûk (Procee) hie in winkel op Sumarreheide. Dy hie ek in bern dat bitsjoend wie. Se hellen Wopke der by. Dy makke 't kessen iepen, doe sieten dêr 3 krânsen yn. Twa wienen al klear, de trêdde noch net. Dat wie in gelok. Hie de trêdde foltôge west dan wie 't bern net mear to rêdden. De krânsen waerden forbrând. Earst waerd elke iepening ticht makke,...
nl.verhalenbank.32175
Dêr wenne nòch in tsjoenster yn Garyp, dy wie ek bolkoerrinster. Dêr neam ik de namme leaver net fan. Dy ried op 'e biezemstôk troch de loft mei de bolkuorren by har.
Doe wie dêr in jager, dy tocht: dêr fljocht in grouwe ein hinne. Hy laedde it gewear en skeat. Doe rekke er ien fan har kuorren en doe kamen der allegearre bôllen en boltsjes del. Dy naem er...
nl.verhalenbank.32163
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
nl.verhalenbank.32177
Alde Branders Durkje yn 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Us mem hie 't net op har bigrepen.
Mar hja gong hinne en lei duveldrek njonken 't hûs del oer 't hiele hiem hinne oan 'e sleat ta.
"Nou kin se der net wer lâns komme", sei mem. En 't wie ek sa. Durkje bleau wei.
nl.verhalenbank.20215
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Yn Burgumerheide hienen wy in buorfrou, dat wie in tsjoenster. Sy wie út 'e famylje fan Liuwe Kûper. Sy koe har sels yn in kat foroarje. Soms hâldden dy tsjoensters in forgadering. Dan wienen it katten. Yn fjirtich jier moesten se ien deatsjoene. As se dat net dienen, dan stoaren se sels. Sy hienen in forboun mei de duvel.
nl.verhalenbank.20267
Wy wennen froeger yn 'e Harkema. Dêr wenne doetiids yn 'e Smoarhoeke in âld-minske, Sjouk, dy hie in winkeltsje. Doe't wy yn 'e winkel kommen wie dêr net ien. En doe't wy: 'folk' rôpen kom der net ien by ús. Doe gong heit ta de wenkeamer yn. Doe sweefde Sjouk dêr om 'e lampe hinne. Sjouk wie in tsjoenster. Wy makken gau dat wy fuortkommen.
nl.verhalenbank.36217
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta.
Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol.
De faem siet achter de...
nl.verhalenbank.32918
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
As jonges rôpen wy him achternei:
Piter Poes
mei de hannen yn 'e boes,
it himd op 'e teannen,
dêr komt Piter Poes oanfleanen.
Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr...
nl.verhalenbank.12229
Fan âlde Sjouke Kloetstra op 'e Burgumerheide seinen se dat er mei de hounekarre troch 't slotsgat ried.
nl.verhalenbank.20338
Der wenne in man op Burgumerheide, dat wie froeger in feardige arbeider. Deis wied er altyd drok oan 't wurk en jouns skearde er wol om der noch hwat by to fortsjinjen.
Mar letter woarde er syklik en kom er hielendan yn elkoar to rinnen. (roungear)
Doe gong er nei in kwaksalver ta. Dêr mastere er mei. Dat wie tagelyk in duvelbander. Dy die him in bantsje...
nl.verhalenbank.20339
Der wie in jonge boer, dy wenne oan 'e Achterwei yn Sumar, op 'e plaets, dêr't nou Bonne Algra wennet. Syn mem en syn suster wennen yn it hûske dêrnjonken. De boer hie in famke, dat wie altyd siik. Mar de dokters koenen it bern net geneze. It bern tsjirme. De boer hâldde in bulte fan jeijen. Hy siet wol gau us achter in grouwe hazze oan, mar dy koed er...
nl.verhalenbank.12228
Mem fortelde froeger: Der gongen twa froulju sjongendewei oer de Burgumermar yn in bûteraed. Sy kommen de Burgumer kant út wei en farden sa nei Skûlenburch ta. Dat hie mem as bern wol us heard.
nl.verhalenbank.20259
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot.
Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen.
Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Hindrikje de tsjoenster wenne op 'e Tike ûnder Nyegea. It forhael gong dat se wol us bern bitsjoende. Wy gongen as bern yn in bôge om har hinne, as se foar 't ljocht kom. Der wie ús goed yndruid dat wy net in apel of sa fan har oannimme mochten.
nl.verhalenbank.21181