Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Narrator Gender: male Place of Narration: Hurdegaryp
Hedzer Baeije Syts wenne to Jistrum. Dy hie foar in sechstich jier altyd duveldrek boven de doar.
nl.verhalenbank.17690
Nachtmerjes binne froulju. Ien fan 7 dochters is in nachtmerje. Men sette froeger de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Men boun wol in mes op 't boarst mei de skerpe kant omheech om gjin lêst fan 'e nachtmerje to krijen. De hynders hienen der ek lêst fan. Guon boeren hienen in sabel boppe 't hynder yn 'e stâl hingjen. As der in nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.32203
Sieds Iebeltsje to Eastemar gong troch foar in tsjoenster. Sy hat Geart fan Durk en Sjoerdtsje bitsjoend hawn. Durk en Sjoerdtsje woenen har net wer yn 'e hûs ha, sy waerd by de doar keard.
nl.verhalenbank.19794
By tsjoenderij gongen de minsken faek nei in duvelbanner. Dy wurke yn de regel mei duveldrek. Op in kear wie Piter van der Meulen syn kat bitsjoend. Doe hat dy kat duveldrek om in bantsje om 'e hals krigen. Hwant dan hie de tsjoenster gjin fet op 'e kat. Doe duorre it net lang of de kat wie wer better.
nl.verhalenbank.30426
In fremde kat wie gauris in tsjoenster. Hwant in tsjoenster foroare harsels faek yn in kat.
nl.verhalenbank.30427
Yn Burgumerheide wenne froeger in tsjoenster, dat wie Frearke Jantsje. Dy bitsjoende de bern. De minsken hellen de kessens fan 'e bern fan 'e bêdden en seagen dy nei. Dêr kamen fearrene krânsen út en dat wie Jantsje har wurk. Albert van der Kooy fan Burgumerheide hie in hiel keppeltsje bern. Dêr hie Jantsje it op bigrepen. Se hearden Jantsje altyd wol...
nl.verhalenbank.30425
As in minske pleage wie fan in nachtmerje en hy riisde wer oerein, dan neamde men dat "het opstijgen der moer". Tsjin in prûkenêst (heksebezem) seit men hjir ek wol "nachtmerjenêst".
nl.verhalenbank.19840
35