Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
nl.verhalenbank.21456
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!"
Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn.
Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan."
Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen.
Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend.
Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne.
As Tet dy drank seach gong er stikken.
Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op."
As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom."
Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf."
Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke.
Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân.
Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Alde Fogelmoai en har man wienen op in joun togearre op bêd gien. Dy nachts woarde har man wekker. Hy taestte om him hinne en doe wie hiele Fogel-moai fuort west. Der hie allinne mar in skieppe-pânse op bêd lein ynpleats fan in minske.
Beppe hat it ús faek forteld.
nl.verhalenbank.22300
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om.
Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
Der wie us in fremde kat by minsken hjir yn 'e Harkema yn 'e hûs kom. Dy kat seach der oars út as gewoane katten. "Tink der om, dat is net in gewoane kat," sei de frou tsjin 'e man, "dit is in hiele aparten-ien."
De man sei: "Ik sil him in reis jaen." Doe sloech er de kat bûnt en blau, dat dy bleau foar dea lizzen. It wie yn 'e nacht gebeurd. Hy hie de...
nl.verhalenbank.22259
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út."
Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús.
Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht.
Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Ik hie in kammeraetske, dy har beppe wie âlde Fogel-moai (Frearke Fogel). Dat wie in tsjoenster. By myn kammeraetske hienen se in baerch yn 't hok. Dy roan mar àl yn 't roun. Hy wie bitsjoend. Dat hie âlde Fogel-moai dien.
Hja hie dy baerch oanrekke. Sa wie dy baerch siik woarn. Hja hie de kweade hân.
Ik hie altyd duveldrek yn 'e bûse, as ik nei Fogelmoai...
nl.verhalenbank.22299
Ik naeide froeger by in bakker yn Surhuzum.
Dêr skean foaroer stie in boereplaets. Schors hieten de minsken dy't dêr op wennen. De boerinne brocht wol us sûpe by de bakker en harren. Ik wie doe sa'n achttsjin jier. De frou woe der gjin sûpe fan ha en de bakker ek net, hwant dy boerinne gong foar in tsjoenster troch, en dan koenen se wol us bitsjoend...
nl.verhalenbank.21394