Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Narrator Gender: female Place of Narration: Eastermar
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e...
nl.verhalenbank.12514
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
Alle Tet wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Hja wie in tsjoenster. Om op har hiem to kommen moest men oer in houtsje dat oer de sleat lei. As bern setten wy altyd in krús foar dat houtsje. Dat dienen wy mei de klomp. Dan koe Tet ús net bitsjoene. As Tet ien bitsjoend hie sieten der krânsen yn 'e kessens. Hja hat wolris bern deatsjoend. Hja koe har yn in...
nl.verhalenbank.36028
In âld frou yn 'e Harkema koe de duvel ta de hurddobbe út komme litte, seinen se.
nl.verhalenbank.36176
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. Hja bitsjoenden foaral bern en makken krânsen yn 'e holkessens. It bern woarde siik en de âlders gongen nei in duvelbander ta. Frânse Hinke fan Rottefalle of greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.36177
Se leinen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel om tsjoensters to kearen. Piter Rauwerda syn heit gong ris nei Jonge Jan fan 't Wytfean ta om duveldrek. Doe sei Jonge Jan: "Dû trefst it, hy hat krekt skiten."
nl.verhalenbank.36173
Op Bennema-state to Hurdegaryp is in hekke dy't altyd fansels iepen giet.
nl.verhalenbank.36170
35