Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Lammert Wijma fan Eastemar hie faek lêst fan in nachtmerje. 't Wie in ding as in houn, sei er, en 't lei boven op him.
nl.verhalenbank.19724
Se sizze fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje en fan 'e sawn jonges út in húshâlding is ien in wearwolf
nl.verhalenbank.32830
Fan sawn famkes dy't achter elkoar oan binne út ien húshâlding wei is ien in nachtmerje.
Fan sawn jonges is ien in wjerwolf.
nl.verhalenbank.29753
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Geart Bijma fan 'e Harkema hearde de nachtmerje altyd wol by 't leiderke opkommen. Dan gong er gau mei de rêch nei de planke lizzen, dan koed er him net krije.
nl.verhalenbank.24263
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette.
En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
Nachtmerjes koe men keare troch de toffels achterstofoar foar 't bêd to setten.
Om tsjoensters to kearen lei men duveldrek ûnder 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29633
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen."
As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
As der yn in húshâlding sawn op elkoar folgjende dochters binne, dat is net sa bêst. Dan is der in nachtmerje by of in tsjoenster.
nl.verhalenbank.25186
It mat achter Kollum us gebeurd wêze, dat dêr in nachtmerje sjongendewei oer it wetter kom wie yn in skelp. Dy skelp hie se weistoppe yn 'e snilen, mar hy is foun woarn troch oaren. Dy ha dy skelp doe meinom. Doe koe dy nachtmerje net wer fuortkomme.
nl.verhalenbank.24477
Yn 'e Westerein wie in nachtmerje. 't Wie in frommeske. Dat woarde fangd trochdat se kaf of moal oan har krige.
nl.verhalenbank.21916
Om gjin lêst fan in nachtmerje to krijen setten se de toffels wol achterstofoar foar 't bêd.
nl.verhalenbank.30074
Mem fortelde froeger: Der gongen twa froulju sjongendewei oer de Burgumermar yn in bûteraed. Sy kommen de Burgumer kant út wei en farden sa nei Skûlenburch ta. Dat hie mem as bern wol us heard.
nl.verhalenbank.20259
Sake Hupert hie sels ek in nachtmerje by syn hynder hawn. It swit kom it dier ta de moanjes út. It hynder hie in hynstedek oer hawn foardat de nachtmerje kom. Doe't de nachtmerje fuort wie, hie 't nergens to finen west.
nl.verhalenbank.29508
In Achthove had je in de ouwe tijd een café en as je daar langsreed en je stopte niet om wat te gebruike, dan werd je paard kreupel.
nl.verhalenbank.72691
Docht men in ûneven tal rochkerlen ûnder 'e drompel fan 'e doar, dan komt der gjin tsjoenster of nachtmerje by jin yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.23835
Nachtmerjes komme by de hynders. Dan ha dy dieren it krap. It swit stiet har op 'e rêch en sy hawwe moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.31799
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch it kaeisgat. Sa slûpt se ta 't hûs yn.
As men in ding foar de drompel leit, krúst oer elkoar hinne, dan kin se der net yn komme.
nl.verhalenbank.29659
Wol men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan mat men de klompen ûnrjocht foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.24386
Nachtmerjes kinne moai sjonge, fral as se oer 't wetter farre. Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Binne der sawn opelkoarfolgjende jonges, dan is der in wjerwolf by.
nl.verhalenbank.20337
Se seinen ek: as jy jouns op bêd geane, set dan de klompen noait gelyk neist elkoar del. Oars is 't gefaerlik, dat der in nachtmerje by jimme komt.
nl.verhalenbank.24811