Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme.
Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Myn suster hat ek bitsjoend west. In tsjoenster hie har guod jown, dat hat se opiten. Hja hie krânsen yn 't kessen. Doe't se dy forbrând ha, ha de katten èk sa raesd.
nl.verhalenbank.28158
Yn Grinzer Pein wienen minsken, dêr kom al us in kear in fremde kat. De man sloech der op. Fuort dêrnei hie Rikele Myt in iepene holle. Myt koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.25508
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou.
Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Se hienen hjir froeger duveldrek ûnder 'e drompels, dan koe der gjin tsjoenster yn 'e hûs komme. Sy hienen ek duveldrek ûnder 'e trôgen en ûnder 'e amers. En de bern droegen duveldrek op 't boarst.
nl.verhalenbank.25511
Us pake kom op in joun bûten. Doe seach er hwat lizzen. 't Wie tsjuster. Us pake skopte der nei, mar hy skopte mis. Hy skopte al wer ris, mar wer mis. De oare deis lei dêr in tsjerne. Dy wie fallen. 't Wie yn Boelensloane oan 'e Fjouwer Roeden.
nl.verhalenbank.36182
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west.
Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster. Hja wenne yn Grinzer Pein by de Skieding. Hja hie in great apelhôf. Op in kear doe siet har soan ta de apels yn 't hôf. Doe kom se by him op 'e biezem en sei: "Soestû my de apels der ôfhelje?"
De soan naeide út. Hja floddere him achternei op 'e biezem. Hy doarst de jouns net thús to kommen, sa bang wied er. De oare deis...
nl.verhalenbank.25507
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
nl.verhalenbank.25260
Oan 'e Houtigehaechsterwyk ( = Skoallewyk) wennen Ritske van der Meer en Aeltsje. Dy hienen in jonkje. Dat bern woarde siik, it gûlde en spuide.
"Us Germ is bitsjoend", sei Ritske. Sy fortochten in minske ticht by har yn 'e buert. Sy retten Aeltsje oan om alle skreven by de doarren ticht to stopjen. Ek it kaeisgat en de skoarstien.
In pot mei nuddels en...
nl.verhalenbank.25660
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598
Wol men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan mat men de klompen ûnrjocht foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.24386
As bern bitsjoend wienen hienen se krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.36190
Datselde âlde minske hie in dochter, dy koe èk tsjoene.
Op in moarntiid bitiid hat ien sjoen dat de mem mei de dochter om in beam hinne oan 't tikkerboartsjen wie.
nl.verhalenbank.25661
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen.
De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Aukje, it bern fan Albert en Gees hie bot pine. Albert sei: "Dat kin âlde Jiske Wyts wol us dwaen." Hy fan 't bêd ôf. 't Wie yn 'e nacht. Hy giet regelrjocht nei 't hûs fan Jiske Wyts. Hja siet by de tafel. Fan in âld fodde hat se in popke makke en dêr stekt se yn om.
Albert krijt in dikke stien en smyt dy by har troch de ruten.
Doe't er thúskom lei it...
nl.verhalenbank.25298
Docht men in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel, dan kriget men gjin lêst fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25110