Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net...
nl.verhalenbank.23725
Tsjoensters ride op in biezemstok troch de loft fan 't iene plak nei 't oare. Se meitsje wit hoe fiere reizen.
nl.verhalenbank.24248
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle.
Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
De nachtmerje kaem nachts by de minsken. Dy kaem ta 't slotsgat yn. Men mat noait de klompen mei de snuten nei de doar ta foar de drompel sette.
En sa matte de toffels ek net foar 't bêd stean. Ik tink dêr altyd noch om.
nl.verhalenbank.31120
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Foar de tsjoensters makken se in krús foar de doar. Dan koenen sy der net ynkomme.
nl.verhalenbank.21685
As tsjoensters op 'e biezemstôk troch de loft fleagen waerden se heksen neamd. Der waerd wol sein dat hjir twa wienen: in mem mei in dochter.
nl.verhalenbank.31119
Myn broer Ritske fortelde: Ik ha forkearing hawn mei in fanke, dêr wie 't net mei yn oarder.
As ik mei dat fanke fuort west hie en ik brocht har op 'e lette joun wer thús, dan kom der ûnderweis altyd in dikke houn by my, mei egen, sa great as thépantsjes.
Ik hie 't dolkje by my en dat hie 'k op in kear klear. Doe't er wer by my kom, wylst ik it fanke nei...
nl.verhalenbank.24312
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje.
Fan sawn op elkoar folgjende jonges is ien in wjerwolf.
De nachtmerje heart men altyd wol oankommen.
Ik forskou de klompen altyd, as ik der jouns ynkom. Ik set se noait rjocht njonken elkoar del.
nl.verhalenbank.25421
Boardzer Bruining hat in jier yn 'e gefangenis sitten. Yn 't bigjin died er dêr net in wink yn 'e egen. Hwant de nachtmerje kom geregeld by him. Der siet in gatsje yn it traeljefinster, dat ha se tichtmakke. Hwant dêr kom de nachtmerje troch. Dan hie hy der gjin lêst mear fan
nl.verhalenbank.21687
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik.
Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat.
De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear.
It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Wy ha wenne flak by 't tsjerkje yn 'e Houtigehage.
Anne en Antsje wennen njonken ús.
Op in kear hie ik pine yn 't liif. Doe sei Antsje: "Dû mast in stikje duveldrek opite." Dat haw ik dien, mar ik woe 't letter noait wer ha. Sok raer guod wie 't.
Antsje wie in dochter fan Ritske van der Meer. Har broer Germ wie al us in kear siik. De lju seinen: "Hy is...
nl.verhalenbank.24558
Ritske Postma kom us by de Houtigehaechster wyk. Hy wie doe noch net troud. Oan 'e oare kant de wyk dêr wenne âlde Jetse Jel mei har dochter.
Jel wie in tsjoenster, woarde der altyd sein.
Doe seach Ritske dy beide froulju de wyk delkommen. Sy woenen oer de wyk. Ritske seach dat se in biezemstok tusken de skonken hienen. De mem en de dochter sieten foar...
nl.verhalenbank.21634
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme.
Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd.
Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster.
Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze."
Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen.
En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?"
Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen.
Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt...
nl.verhalenbank.24561