Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: heksenkat Place of Narration: Harkema
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
nl.verhalenbank.22188
Der wie us in pearke, dat wie by de Skieding oan 't kuijerjen. Hy hiet fan Jan van der Woude. Sy hienen it der oer, dat se trouwe woenen. Dêr hienen se noch noait earder oer praet. Se neamden de datum ek. Der wie hyltyd in kat by harren. Nergens wie in minske. De oare deis wisten alle minsken dat se trouwe soenen. Dat hie dy kat oerbrocht, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.24880
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Der wie us in fremde kat by minsken hjir yn 'e Harkema yn 'e hûs kom. Dy kat seach der oars út as gewoane katten. "Tink der om, dat is net in gewoane kat," sei de frou tsjin 'e man, "dit is in hiele aparten-ien." De man sei: "Ik sil him in reis jaen." Doe sloech er de kat bûnt en blau, dat dy bleau foar dea lizzen. It wie yn 'e nacht gebeurd. Hy hie de...
nl.verhalenbank.22259
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
nl.verhalenbank.19982
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
nl.verhalenbank.22296
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
nl.verhalenbank.22720
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
nl.verhalenbank.22190
Wy wienen froeger altyd bang foar in swarte kat. Hwant dat koe wolris in tsjoenster wêze. Alle Tet koe har yn in kat foroarje. Sy ha in kat alris hiel bot slein, doe wie Tet de oare deis hielendal blau west om 't gesicht.
nl.verhalenbank.32745
1