Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte.
Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat.
Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen.
Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown.
De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
Piter Kempenaar syn wiif Hindrikje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Twizelerheide. Dy hat my in jier ûnder har wjokken hawn.
Japik, myn man, hie in húske kocht, dat stie njonken harres. Hy wie der oan 't wurk mei de tún, doe wennen wy der noch net. Ik gong nei him ta en sei: "Hoe fier bist mei de tún, Japik?"
"Ik mat hjoed jerappels sette", sei er....
nl.verhalenbank.20443
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne.
Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
Alde Janke hounelobber wenne yn 'e Harkema en wie in tsjoenster.
Myn frou har beppe wenne ek yn 'e Harkema, dat wie de frou fan Tsjerk van der Veen. Doe't Tsjerk krekt stoarn wie hat myn frou dêr in skoft hinne west om 't âld-minske hwat selskip to hâlden.
Doe sieten hja togearre op in kear by de fjûrpot. Dêr hong...
nl.verhalenbank.22967