Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Pake leaude sterk oan tsjoensters en spûkerij. Sy hienen buorlju en dy frou gong foar in tsjoenster troch. Pake hie it net op dat âld minske stean. Hja kaem wol by pake en dy. Jouns op bêd dan wie der wolris gerattel by de muorre lâns. "Hark," sei pake dan, "dêr komt se wer oan."
Op in nacht kaem se yn 'e hûs yn 'e gedaente fan in swarte kat. Doe pakte...
nl.verhalenbank.22177
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul.
Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar.
Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen.
Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
nl.verhalenbank.22188
In tsjoenster komt trouwens ek wol troch 't kaeisgat, hwant hja kin harsels foroarje yn elk willekeurich dier. Mar it meast foroaret in tsjoenster har yn in kat.
nl.verhalenbank.29630
Der wie us in pearke, dat wie by de Skieding oan 't kuijerjen. Hy hiet fan Jan van der Woude. Sy hienen it der oer, dat se trouwe woenen. Dêr hienen se noch noait earder oer praet. Se neamden de datum ek.
Der wie hyltyd in kat by harren. Nergens wie in minske. De oare deis wisten alle minsken dat se trouwe soenen. Dat hie dy kat oerbrocht, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.24880
Myn frou en ik wienen op in snein-to-joun nei har heit en dy ta. De suster fan myn frou har twadde mem lei dêr siik op bêd. Dêr wie in fremde kat yn 'e hûs. Poeke, poeke, sei myn frou har twadde mem, mar de kat forroerde him net. Dy bleau sitten dêr't er siet. Doe jage ik dy kat fuort. Dy kat, dat wie de tsjoenster. Dy hie it sike minske bitsjoend.
nl.verhalenbank.30374
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Hjir yn 'e Westerein kaem ris op in joun in fremde kat by guon yn 'e hûs. Dat wie har buorfrou, dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. Doe hat de man mei in klomp op dy kat smiten. De oare deis hie de buorfrou in grouwe bult oan 'e holle.
nl.verhalenbank.29786
Betsje wenne froeger yn Kûkherne. Hja hienen keallen, dy hienen se achter 't sket.
Betsje har man dy wie der altyd op út to werken, dan bleau er soms wiken oanien wei, dan wie Betsje allinne thús. Dy forsoarge de keallen dan.
Op in kear sei Betsje tsjin har suster: "Ik doar hjir net mear allinne to bliuwen, hwant alle nachten om tolve ûre binne de keallen...
nl.verhalenbank.29745
Gerrit van der Kooi wenne to Burgumerheide, hy wie reiddekker. Hja hienen by har faek krânsen yn 'e kessens. Dêr krige Gerrit syn nocht fan. Hy sei: "As ik de tsjoenster treffe kin, dan sjit ik har hartstikke dea." Hy koe goed sjitte.
Op in kear wie der in fremde kat op it hûs. Gerrit krige it gewear en skeat mei hagel op dy kat.
Hy rekke him goed. Letter...
nl.verhalenbank.30955
Heit en dy hienen in stik of fiif koeijen. Mar dy wienen noait goed. Se ha noait fleurich en glânzich west. Se tjirmen. Se seagen der út as geraemten en joegen hast gjin molke. En dochs krigen se genôch to fretten. Jouns kom de molke farsk út it kouwejaer. Dan sette mem fuort guon op 'e kachel, om dy molke to sieden. Mar dan bigoun dy molke altyd direkt...
nl.verhalenbank.29960
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek yn in ein.
nl.verhalenbank.24868
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. As katten hâlde se forgaderingen. Se ha ek us sa'n forgadering hâlden by âlde Harm v.d. Berg. Dy wennet yn Twizelerheide by de Swâdde. De katten wienen drok oan 't psalmsjongen, doe kom Harm der oan mei 't gewear. Hy hat op dy katten sketten. Se sieten yn in beam to forgaderjen en to sjongen. Ien fan 'e katten hat...
nl.verhalenbank.24841
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert.
As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta.
Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30373
In tsjoenster wie meastal in âld wiif. Dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.31521
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei.
"Moarn Tiet", seit er.
"Moarn Jan", seit se.
"Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk."
Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213