Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It barde jierren lyn yn Zevenhuzen ûnder Burgumerheide. Dêr wennen Tsjitse en Kei (Boonstra). Op in kear soe Kei de aeijen ophelje, mar de hinnen seinen: "Wy lizze hjoed net."
Doe soe Tsjitse de kou melke, mar de kou kearde him om en sei: "Ik jow hjoed gjin molke."
Tichteby wenne in tsjoenster, dat wie Jantsje. Jantsje hie in winkeltsje. Dy krige de...
nl.verhalenbank.36472
Wy wennen tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Wy wennen op 'e Swette. Antsje, de tsjoenster, wenne dêr ek. Wy stienen as jonges byelkoar en wy hienen it drok oer tsjoenderije.
Wy koenen it net lyk fine mei elkoar, de iene tocht der sa oer, in oaren wer oars. Doe kaem myn omke fan 't lân mei de gripe oer 't skouder. Dat wie Wiger-om.
"Wiger-om," sei 'k,...
nl.verhalenbank.36473
Jehannes koe sa mar ien stean litte, dan koe dyselde net in stap mear dwaen.
Hy liet de hoannen kraeije boppe op it dak.
Hy siet ris in kear mei in keppeltsje oaren yn 'e kroech to Feanwâlden (Schoonoord), doe sei er: "Gean mar even nei de fyfte beam, dêr leit in flesse drank." Dat wie ek sa. Hy die dat mei kaerten.
nl.verhalenbank.36484
Mem sei tsjin ús: "Jimme meije noait in pepermuntsje fan Antsje oannimme." Omdat Antsje in tsjoenster wie. Wy droegen foar har duveldrek yn 'e bûse en dat hienen wy ek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36487
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Se neamden him ek wol Jehannes tsyske. Dy koe 't tige nuver dwaen. Hy liet de famkes samar de rokken ôffalle. Hy hat boerefeint west by Ate Kooistra. Op in kear kocht in minske tsjin ús oer tsiis fan Jehannes. It minske joech him tsien goune. Hja krige jild werom. Doe sei se: "Der is in dûbeltsje to min!" "Ik...
nl.verhalenbank.36482