Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden.
As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Doe't ik jong wie sweefden der altyd wylde lantearnen boppe de heide. As dat it gefal wie, kom der in ûngelok, seinen se.
nl.verhalenbank.23497
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen.
Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei.
Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Sa'n fjirtich jier lyn seagen wy wylde lantearnen op 'e Hege Wei. Dat wie doe in sânpaed, dêr kom omtrint neat lâns. Nou stiet it der noait stil, sûnt de wei forhurde en forbrede
is.
Elk ogenblik snuorje der auto's lâns. De lettere autoljochten dêr, wolle se wol ha woarden troch dy wylde lantearnen oantsjut.
nl.verhalenbank.33768
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik.
Dy...
nl.verhalenbank.37913
Wy wennen by de Skieding ûnder Drachtster Kompenije.
Mem fortelde op in moarn. Nou haw ik justerjoun twa ljochtsjes oer de heide kommen sjoen, dy gongen fan Mearum nei Trimunt ta. Dat wie noch foardat de tram dêr lâns ried.
Letter is dy dêr kaem. It wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.36950
Se seinen altyd, by nacht roannen der in pear wite juffers fan Topwear nei Surhústerfeansterheide. Dat wienen spoeken.
Dêr wienen guon bang foar.
nl.verhalenbank.27505
Wy hienen in buorfrou, dat wie âlde Karste Iebeltsje. Dat wie in tige gelovich minske.
Op in kear wie hja op in joune let op 'e Mesken west.
De Mesken, dat wie in útgestrekt heidefjild fan Duerswâld nei Drachten, dêr roannen allegear skeanpaden troch. Hja hie dêr op ien fan dy skeanpaden west, by tsjuster, midden op 'e heide.
Doe wie der in hiel great...
nl.verhalenbank.36905