Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: hand Place of Narration: Rottevalle
Der kom us ien by Sterke Hearke wylst dy op it lân oan 't ploegjen wie. Hy hie ien hynder foar de ploech. "Hwer wennet Sterke Hearke?" frege dy man him. Hearke hie 't hynder foar de ploege weihekke en de ploege optild mei ien hân. En doe hied er sein: "Hjir is Sterke Hearke en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.27709
It gebeurde ris doe wie der in skippersfeint op 'e sael fan Van Dijk yn 'e Rottefalle; dy socht earmoed, dy woe rúzje meitsje. Pake wie dêr en Hearke ek. Pake tocht: Hoe lang sil dit duorje? Hearke siet by de tafel. Dy roerige skippersfeint roan by Hearke lâns. Doe krige Hearke him by de mouwe beet en sei: "Jonkje, meitsje nou gjin earmoed. 't Is allegear...
nl.verhalenbank.37452
Hearke wie jong al plysje. Hy woe foar himsels wolris wite hoefolle er yn 'e bouten hie. Hy wie ris by van Dyk yn 'e Rottefalle en dêr wie pake ek mei noch in stik of hwat oare jongemannen. Pake wie de sterkste fan harren (op Hearke nei fansels). Der wie yn 'e taep in lûk mei in greate ring der oan. Dêr siet in kelder ûnder. Doe sei Hearke tsjin pake:...
nl.verhalenbank.37453
Op in kear kaem der in man by Hearke, doe wie dy oan 't ploegjen. Dy frege hwer't Hearke wenne. Syn doel wie mei Hearke to wrakseljen, hwant hy wie sels ek sterk, mar dat fortelde er der net by. Doe't er dat frege hie fage Hearke mei de foet de modder hwat fan 'e ploege, hy hekke it hynder út, hy krige de ploech mei ien hân beet en stuts him rjochtút....
nl.verhalenbank.37454
Mem fortelde ek, der hie ris in feintsje by in boer wenne, dy hie alle wurk yn in omsjoch dien. As er modderbultstruije moest, dan klapte er mar even yn 'e hannen en 't woarde foar him dien. Dat feintsje hie in forboun mei de kweade happert, sei mem. D_ die 't wurk foar him.
nl.verhalenbank.32973
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27761
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen dêr ris minsken by him, dy fregen him of er ek wist hwer't dy en dy wennen. Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Dan matte jo dêr en dêr lâns gean." En sa hied er mei de ploech yn 'e rounte wiisd. Hy hie him mei ien hân optild.
nl.verhalenbank.33066
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him op 't lân en dy frege him of er ek wiste hwer't sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege en tilde him mei ien hân op. En doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet de man sels." Ditselde wurdt ek forteld fan Greate Pier.
nl.verhalenbank.32963
35