Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: hand Place of Narration: Harkema
By Durk Mozes die er krekt allyk. Mar dêr wie it in geit. Hy striek de geit oer de hûd. "Hwat in moaije geit", sei er. Doe sei Durk: "Moarn is er dea." En hy wie dea.
nl.verhalenbank.21244
Willem Pyk koe ien fan warten forlosse. Ik ha in jonge kend, dy hie warten. Hy gong nei Willem Pyk. Dy preuvele hwat en struts mei syn hân oer de warten hinne. Doe wienen se samar fuort.
nl.verhalenbank.28502
Willem Pyk (= Ophuis) hie de kweade hân. Dy makke de dieren siik. Sy woenen Willem Pyk net yn 't achterhûs ha. As ik moaije piken hie, sei 'k: "Tink der om, Willem Pyk mat der net by."
nl.verhalenbank.28788
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Op in kear kom Hindrik Pyl by Willem Stienstra. Willem sels moest fuort. Mar hy sei tsjin 't wiif: "Pas op, dat âlde Hindrik net by de bargen komt." Mar hy kom àl by de bargen en sei: "Hwat binne dat in pear moaije bargen." En hy striek der mei de hân oerhinne. De oare deis wienen de bargen dea.
nl.verhalenbank.21243
Imke de Jong stie us in kear op 'e merke. Doe hied er op in blok hout in blok lizzen hawn, en dêr lei er syn hân boppe op. Doe sloech er mei in hammer in dikke ronge (= spiker) troch de hân hinne yn 't blok en dêr sei er by: Zeer doet het niet, pijn hè je niet, en hier hè je een gedachtenis van Imke de Jong. Hy luts de hân werom en der mankearde neat oan.
nl.verhalenbank.27034
Myn âld buorman Ate roan mei Imke de Jong troch Twizel. Doe frege er Ate om in kwartsje. "Ha 'k net", sei Ate. Even fierder sei Imke: "Dû seist niis, datst gjin sinten hiest. Hwat is dit dan?" Doe hied er Ate syn jildponkje yn 'e hân. "Nou soest tinke," forfette er, "Imke de Jong is samar ryk. Mar sa sit it net. Ik kin se net hâlde."
nl.verhalenbank.21650
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Myn omke hie bargen. Hindrik Pyk (=Hindrik Ophuis) kom in bulte by him. It wie in greate tsjoenster. Op in kear sei omke tsjin him: "Kom, jo matte de bargen ek us sjen." Dat hied er noait sizze matten. Hwant doe't Hindrik se sjoen hie gong it fuort mis. Hy tikte de bargen mei de hân op 'e rêch. Sûnt dienen de bargen neat oars as razen. Se woenen noait wer...
nl.verhalenbank.17565
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat wie bitsjoend. Doe gong de heit nei de duvelbander ta. Hy krige fan de duvelbander in flesse drank mei. Doe't er ûnderweis wie nei hûs ta kom de soan fan 'e tsjoenster him tsjin. "Hastû fuort west?" frege dy. "Ja", sei er. "Hast in drank by dy?" "Ja", sei er. "Lit my dan us sjen." "Né, dy krijst net to sjen." En...
nl.verhalenbank.17703
Us jonges (myn bruorren) hienen us in pear fûgeltsjes yn in stove op 'e kachel, dan bleauwen de dierkes yn 'e waermte. Doe kom âlde Hindrik-om deryn. Hy sei: "As de fûgeltsjes great binne, dan mat ik der ien fan ha." Mar doe't er fuort gong wie, wienen de fûgeltsjes even letter dea. Hy hie de kweade hân. (bynamme: Hindrik Pyk)
nl.verhalenbank.23529
Ot hie in paedtsje foar de doar lâns. Op in kear gong se nei de winkel fan Barelds Antsje ta. Hja moest beppe en dy's hûs foarby en ûnderweis yn 'e rin striek se mei de hân oer beppe en dy's geit hinne, dy't dêr oan 't spit siet. De geit die in pear slaggen yn 'e rounte en dea wied er.
nl.verhalenbank.21458
12