Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: hand Place of Narration: Drogeham
In foer dong luts Hearke mei ien hân oan 't koarttiksel samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.20360
Yn 'e Harkema wenne tsjin ús oer in frou, dy hie in knûstje. Us mem seach der nei doe't se yn forwachting wie. Sy forwachte my. Doe't ik geboaren woarde hie ik in knobbel oan elke hân. Troch in operaesje yn 't sikenhûs bin 'k dy kwyt rekke.
nl.verhalenbank.33186
Hearke hie forskillende bern. Ien fan 'e dochters dat wie Rixt. Dy wie krekt sa sterk as Hearke. In oare dochter fan Hearke dat wie Griet. Dy wenne by Rixt yn. Rixt wie net troud. Griet hie in jonge oerwoun, dy wie by dy beide froulju yn 'e hûs. Dy jonge wie doe sa'n sechstjin jier âld. Op in kear moest dy jonge greidhakje, mar dêr makke er neat fan. Doe...
nl.verhalenbank.19565
Op in kear wied er op 'e merke yn Droegeham. Dêr wied er hinne gong to gûcheljen. Doe wie der ien fan 'e Harkema, dy hie wol sin oan in buorrel. Mar hy hie gjin sinten. Doe sei Imke: "Hjir hast in goune." Doe joech er dyselde in goune. Mar dy liet him fuort wer falle, hwant dy goune brânde him de hân hast út elkoar, sa gleonhyt wied er.
nl.verhalenbank.20042
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe tilde er de greate ploech op mei ien hân en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33189
Sterke Hearke wie al âld. Hy wie al in ein oer de tachtich en 't wie mar even foar syn dea. Hy wenne hjir flakby oan 'e Lytse wei. Hy handele doe yn tsiis. Us heit hie tsizen foar him meinom út Bûtenpost. Dy brocht er nei Hearke ta. Hearke woe dy tsizen bisjen. 't Wienen guon fan sechstich poun. Hearke wie doe al net goed en siet yn 'e hoeke fan 'e...
nl.verhalenbank.19561
35