Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje.
Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht:...
nl.verhalenbank.24116
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Op in kear soe Gerrit mei de trein nei Ljouwert ta. Hy ried earst mei de hounekarre nei 't stasjon to Feanwâlden.
Sy kommen krekt to let. De trein ried krekt fuort. Doe soe hy der mei de hounekarre achteroan, mar doe wie der krekt in hazze op 't stasjon.
"Caesar, sjochst him?" rôp Gerrit. Caesar pakte de hazze en Gerrit droech him yn 'e linkerhân.
Doe...
nl.verhalenbank.26825
Der is al us in pleachbeest by my lâns strutsen. 't Hie hurd, stuch hier en 't wie donker. It striek ûnder myn hân troch. Ik wurd der nòch kâld fan as ik der oan tink.
It kom by in âld man út 'e hûs wei. Ik gong der krekt út en hie de doar noch beet, dêr wie 't.
En ik hie 't yn 'e hûs noait sjoen. It wie flak njonken my.
Mar dy man hie him wol faker...
nl.verhalenbank.25712
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Doe kom dêr ris in man fan Warfstermoune. Dy wie ek tige sterk en dy woe wolris mei Hearke wrakselje. Hy woe wolris wite hoe sterk Hearke wie. Hy sette de stap der ûnder nei Droegeham ta. Hy koe Hearke net. Hearke wie op 't lân oan 't ploeijen. Hy hie de ploech skoud.
Dy fan Warfstermoune sei tsjin Hearke: "Ik woe us...
nl.verhalenbank.26815
Alde Rikele Myt koe tsjoene. Sy kom us in kear by minsken, doe sei se tsjin 'e frou, dy't widdou wie: "Hwat hast in moaije geit." En sy striek mei de hân oer de geit hinne.
Doe woarde dy geit siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan 't Wytfean. It wie de soan fan 'e widdou dy't dêr hinne gong. Hy krige in drankje mei.
Jonge Jan...
nl.verhalenbank.26785
Sterke Hearke is in famyljelid fan my.
Der kom us in kear ien yn Droegeham, dy moest Hearke ha. Hearke wie oan 't ploegjen op 't lân. Hy frege Hearke of dy ek wist hwer't er wenne.
Hearke stiek de ploech mei syn rjochterhân rjochtút en doe sei er: "Gean dêr mar hinne, dêr wennet er."
Doe gong dy oare wer fuort, hwant hy hie mei him wrakselje wold.
nl.verhalenbank.26898
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.).
Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
Sterke Heerke diende bij een boer, die woonde aan de Muntjeweg, dat is van Grotegast deze kant uut. Hij liep altyd op blote voeten, sokken had-ie nooit aan.
Ik heb hem gekend. Der kwam eens een bij hem, toen was hij aan 't ploegen. Die man vroeg hem waar die en die woonde. Toen heeft hij de ploeg uit de grond pakt en met één hand stak hij de ploeg recht...
nl.verhalenbank.37991