Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Op 'e Swarte Wei by 't Jan Koartslân rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, wurdt der altyd sein.
nl.verhalenbank.32808
By de Heale Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21876
As in frou yn blide forwachting is, en hja rint ûnder in line troch, dan is it bern bistringe (dan hat it stringen om 'e hals).
nl.verhalenbank.21805
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder 't fé.
Der wie in boer, dy hie ek in sike koe. Dy moest ôfmakke wurde. Der stienen twa plysjes by en twa féartsen.
Doe woarde Hinse der by helle. Dy sei: dy koe hat gjin longsykte. Hy hat in stik lear yn 'e hals.
Doe strûpte er de mouwe op en gong mei de earm ta de bek fan 'e koe yn. Hy helle der in âld skuonsoale út.
nl.verhalenbank.21796
Tusken Durk Reitsma en Hindrik Kooistra, op dat eintsje wei roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.36603
Op 'e Sumarrewei - tusken Sumar en Eastemar - rint in fôlle mei in brijpot om 'e nekke. Guon doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.31217
Ik ha wolris heard yn myn bernejierren dat der yn Jistrum ergens in fôlle spûke mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.35924
By de Parsingel to Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20490
Dêr by de Hege Kape, tusken Jistrum en Skûlenburch, dêr hienen jy de Bargetille. Dêr wie in wetter, dat roan ûnder 'e wei troch. Dêr roan altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29312
Der wie us in boer, dy koe tsjoene. Hy hie in toverboek. As er dêr yn lies, yn 'e nacht, dan foroaren syn kij op 'e stâl yn stobben. Hy tsjoende se even letter wer yn kij werom troch tobek to lêzen. Hy boun dan tagelyk himsels mei in blauwe bûsdoek om 'e nekke hinne oan 'e tafelspoat fêst. En dan smiet er in stik brea mei de rjochterhân oer it...
nl.verhalenbank.21738