Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De nachtmerje komt by de fuotten op en rint sa oan 'e hals ta.
nl.verhalenbank.12310
In nachtmerje hie in read doekje om 'e hals, krekt as wie 't allegear bloed.
nl.verhalenbank.28004
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein.
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
In nachtmerje wie in frommeske. It slachtoffer waerd kletstrochwiet fan swit en de hals waerd him tichtlutsen.
Fan sawn dochters is der ien by, dy is tusken man en frou yn.
nl.verhalenbank.37326
Myn swager sei, wylst er yn 'e nacht op bêd lei: "Ik seach in dikke murd oankommen, dy kom stadichoan neijer by my. Op 't lêst siet er my op 't boarst. Doe krige ik it ôfgryslike binaud. 't Wie krekt as woarde my de hals tichtknypt. It wie in nachtmerje.
nl.verhalenbank.27667
In nachtmerje falt jin op 'e fuotten del en giet dan stadich omheech en nei de hals ta. Dan biset jin alles om 'e strôtte hinne.
nl.verhalenbank.21071
Fan 'e sawn dochters wie de sawnde in nachtmerje. Dy gong nei de minsken ta as se op bêd leinen en knypte har de hals ta. Se gongen hinne en setten de toffels of de klompen mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Dan kommen se net wer, wie de hiting.
nl.verhalenbank.36086
Ik wie us oan 't meanen by 't Suwâldster paed. It waer wie brodzich en 't wie hwat near en dizich. It reinde en ik siet to skûljen achter in sket. Dêr foel ik yn 'e sliep. Doe't ik wekker woarde hie ik de jas om 'e hals hinne. Dêr siet er fêst. 'k Soe him nei boven útlûke, mar 't woe noait. Ik switte der op 't lêst fan, noait koe ik dy jas los krije. Ik...
nl.verhalenbank.22979
In nachtmerje, seit men wol, is ien fan sawn dochters, mar 't is ek wol us in ienlingsdochter. Sa'n ien hat my pleage. Ik koe har wol. Ik hearde har nachts oankommen. Sy roan op 'e teannen. Dan kom se nêst my en even letter siet se my op 'e hals. Hoe raer ik dan wie - ik koe neat sizze.
Ik haw har forsward en doe hat se der noait wer west. Roggemoal...
nl.verhalenbank.17630
Ien lei op 'e rêch op bêd to sliepen. Doe tocht er: "Hwat wurd ik binaud." 't Wie krekt as knypten se him de hals ticht. Doe taestte hy der nei. Doe hâldde er twa glêdde hantsjes beet, dy hienen him om 'e hals hinne knypt, mar sy gliden him troch de hannen hinne.
nl.verhalenbank.24369
In nachtmerje wie in frommeske. Hja knypte de minsken dy't op bêd leinen, de hals ticht. Dan hienen se it binaud. Se kamen ek by de hynders op 'e stâl. As de hynders moarns flechten yn 'e moanjes hienen, seinen se dat der yn 'e nacht nachtmerjes op sitten hienen.
nl.verhalenbank.37715
Ien fan 'e sawn dochters út in gesin is in nachtmerje. De nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e huzen. Hja komt yn 'e nacht by de minsken en klimt by har op. Hja bigjint by de fuotten en komt op 't lêst by de hals. Men heart har faek wol oankommen.
Set men de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan komt se net by jin, wol men ha. Moal struije op...
nl.verhalenbank.38523
Der wie us in man, dy sliepte yn it hea. Hy switte as in oandrager. Ynienen krige der him ien by de tean beet. It wie in nachtmerje. De man woarde kâld oan 'e hals ta. De hals woarde him ticht knypt.
nl.verhalenbank.21307
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. 't Is de âldste of de jongste. Nachtmerjes komme nachts by de minsken. Se knipe de minsken de hals ticht. Us heit gyng altyd achterstefoar op bêd. Dat die er om 'e nachtmerje.
De minsken hâldden nachts de kaei oan 'e binnenkant yn 't slot. Dat dienen se om 'e nachtmerjes en de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.36326
Nachtmerjes knypten jin de hals ticht. Ien fan sawn froulju wie in nachtmerje. De nachtmerje kom altyd troch it slotsgat. Der wienen twa middels om har to kearen: moal op it gesicht struije (hwant nachtmerjes mochten neat meinimme) en ien toffel goed en ien toffel oarsom foar it bêd sette.
nl.verhalenbank.16974
Myn skoansoan hie praet heard oer nachtmerjes. Mar hy leaude der net oan. Hy sei: "Nou woe ik wol dat ik ris in nachtmerje krij."
Hy wie doe noch net troud en wenne by syn mem yn. Dy nachts gong er lizzen en doe kaem de nachtmerje by him. Hy wie op 'e rêch lizzen gien. De nachtmerje kaem earst by syn teannen, dat fielde er dúdlik, en sa kom se stadich nei...
nl.verhalenbank.29754
Ja jong, dr gebeurden vrouger meer gekke dingen, hoast nait te leuven. Doar hadden wie zo'n Derk Gap, dei bekend ston dat e heksn kon. Wilm Snieders har vreselk last van dei keerl. Wilm was lutje knecht bie de boer en sluip mit grode knecht in de snikke (slaaphokje op de deel, F.W.). s Nachts kwam Derk en gung Wilm op de haals zitn. Den kreeg d jong...
nl.verhalenbank.43243
Kwelgeest in een klooster
Een arme vrouw had eens gedurende de Vasten, in het klooster 'Wertet' (1 dat in het graafschap Horn lag, een maat zout van ongeveer drie pond geleend. Enige dagen voor Pasen bracht zij het zout terug, maar geen drie doch zes pond. Het scheen echter dat het met dat zout niet in de haak was. Van dat ogenblik af vonden de nonnen in...
nl.verhalenbank.43076