Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn âld-omke dat wie Minse Griper. Dy hat hjir skeanoer wenne. Hy liet soldaetsjes út 'e hurddobbe komme troch út in toverboek to lêzen. Dan liet er dy soldaetsjes marsjeare. Wylst er itselde weromlies, gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
Mar op in kear doe koed er dat net fluch genôch dwaen. Syn wiif, dat wie Tryn Snipel (in suster fan Antsje...
nl.verhalenbank.17645
Minse Griper wie de man fan Tryn Snipel. Minse koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dat die er mei in duvelboek. Dêr lêsde er yn, dan kommen de soldaetsjes deroan. As er alles tobek lies, gongen de soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.24376
Egbert Sint koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Kuke Ruerd koe 't ek en Reid Keuning fan 'e Tille èk.
Egbert Sint koe ek in spjelde op in nuddel draeije litte.
En hy koe kopketûmelje in hiel stik lân del oan ien trier troch. Hy koe toverkunsten. Hy hie ek in toverboek. Hy praette forkeard. Hy sette de wurden op 't forkearde plak.
nl.verhalenbank.28162
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21550
Yn Drachtster Kompenije stie in lyts herberchje, dêr woarde op in joun yn dounse, mei de muzyk derby. It wie Imke de Jong dy't op 'e fijoele spile. Ik siet by him boppe op 'e bank. Doe sei Imke tsjin my: "Mast even de triangel krije." Dy krige ik en ik sloech der op. Sa spilen wy togearre.
Doe sei Imke: "Nou sil 'k de froulju ek even bang meitsje." Imke...
nl.verhalenbank.25263
Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker.
Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in...
nl.verhalenbank.21207
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane.
Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne.
De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer.
Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe in regimint soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Ek âlde roeken, ek wol oare dieren.
Minse Griper uit Boelenslaan kan een regiment soldaatjes, roeken of andere dieren uit de haardkuil laten komen.
tovenaar, soldaat (maken), roek (maken), regiment, verschijnen, toveren
Minse Griper, Boelenslaan, Boelensloane
nl.verhalenbank.27276