Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De houtdou ropt: Forsûp dû dy boer!
De hoanne kraeit: Liz aeijen!
nl.verhalenbank.32945
Piter Scheper koe de hoannen kraeije litte. Dan kraeiden se sa bot, dat sy gappen der op it lêst oer. As er de pik op ien yn hie, dan koed er sa'n ien raer narje. It gebeurde wol dat, as sa'nien ûnderweis wie, dat it ynienen allegear wetter foar him wie. In sé fan wetter. Dan die sa'n ien de klean mar út en wâdde sa troch 't wetter hinne.
Piter Scheper...
nl.verhalenbank.19680
Heit fortelde ek it forhael fan 'e boer, dy't in nije plaets fan 'e duvel krige. It wiif brocht de hoanne oan 't kraeijen en doe rekke dy boer frij.
nl.verhalenbank.25147
Der wie in boer, dy syn pleats wie skjin to'n ein. Hy moest noadich in nije boereplaets ha, mar hy hie der gjin jild foar. Hy wie al faek op sjou west om jild, mar 't joech neat, hy koe gjin jild krije.
Doe kom der him ris in kear ien op side.
It wie de duvel.
"Hwannear moat de plaets klear wêze?" sei er.
"Leafst sa gau mooglik", sei de boer....
nl.verhalenbank.25248
Imke de Jong wie in gûchelder. In hoanne kuijere samar mei in balke fuort, as hy der by wie. Apels kamen him achter ta de broek út en hy koe de minsken stil stean litte.
nl.verhalenbank.36780
Der wie in boer, dy biwenne in hiele âlde rottrige pleats, in rottekleaster. De pleats wie o sa min. Mar hy koe noait in nijen ien bitelje, hwant it wie earmoed by him. Hy skripte nachts en deis troch, om toch noch de kâns to hawwen in nije pleats sette to litten, mar hy bidijde neat.
Doe kom der op in kear in man by him, dy sei: "Yn ien nacht bou ik foar...
nl.verhalenbank.19738
Yn Ynje (Java) gebeurde it dat ien op in wylde baerch skeat. Dy baerch wie op it tsjerkhôf, krekt achter it graef fan in hadji (= Mekkagonger). Hy rekke de baerch net, wylst er oars o sa'n tûke sjitter wie.
Mar doe sei it folk, net ien dy't dy baerch dêr reitsje koe. It wei in heilich plak, dêr't de baerch tahâldde. As er dêr wie wie er ûnfeilbaer...
nl.verhalenbank.33700
Der wie in boer, dy wie oan legerein rekke. Syn skuorre wie tige min, mar hy koe net in nijen bitelje. Doe kaem de duvel by him. Dy sei: "Ik sil fannacht foar dy in nije skuorre bouwe. Dy skuorre sil klear wêze foardat de hoanne kraeit. Dan helje ik letter dyn siele op. Is de skuorre noch net klear foardat de hoanne kraeit, dan bistû frij."
De boer sei,...
nl.verhalenbank.36709