Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat.
Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets.
Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Ik wie in famke. Wy wennen yn Visvliet.
Heit moest der op út to slachtsjen.
Buorfrou sei tsjin mem: "Dan kom ik joun by jimme."
Wy krigen thé en doe't it al aerdich let yn 'e joun wie, kom heit werom. Hy hie 't slachtsjen dien.
Doe soe buorfrou fuort. Wy wennen doar oan doar. Wy gongen mei nei de doar om even bûten to sjen.
Doe sei heit: "Dêr is hwat."...
nl.verhalenbank.20859
Der wienen ris in mennich kabouters, dy holpen yn 'e nacht de minsken altyd. 't Koe neat skele hwat wurk men har foarlei, de oare deis wie 't karwei bisljochte. Elkenien hie der profyt fan.
Mar der libbe in boer, dy woe dy kabouters ris in loer draeije. Hy smiet in sekfol griene earten yn in skerpe hage. Dy moesten de kabouters dy nachts der út helje. Sy...
nl.verhalenbank.33039