Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: grootmoeder Place of Narration: Nijega
Us beppe wenne oan 'e Dwarsfeart to Drachten. Elke saterdei kom dêr in boerefrou lâns mei in wite mûtse op en in koer ûnder 'e earm. Der wenne ek noch in frou njonken beppe en dy har bern rekke net goed. It woe mar net wer opknappe, it bleau gammel. De man sei: "It kin wol bitsjoend wêze." Sy krigen it kessen út 'e widze, dêr't it bern yn lei en sy...
nl.verhalenbank.11555
Us beppe kaem fan Nyegea. Hja hat wol wearwolven kend. In wearwolf mat nou en dan hwat forkeards dwaen.
nl.verhalenbank.11514
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou." De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Us beppe hie har de maeijes yn Oerterp as faem forhierd by in boer. Pake Harm hie doe al forkearing mei har. Op in snein-to-joun soed er nei har ta. Hy moest oer in planke hinne. Mar de minsken warskôgen him. "Dêr matte jo noait oerhinne, hwant dan fordrinke jo," seinen se. Forskate lju binne dier al forsûpt. De kweade sit dêr en dy past op as der guon...
nl.verhalenbank.17571
Us mem wie widdou. Op in kear hienen wy as bern mei ús mem nei beppe ta op bisite west. 't Wie yn Aldegea. Doe't wy omtrint oan hûs ta wienen, sloech ús mem biede hanne foar de eagen. "Och heden," jammere se, "ús hûs is forbrând! Der stiet neat mear fan. De forbrânde flearbeammen stean der njonken." Hja koe net fierder en sakke op 'e groun del. Dêr bleau...
nl.verhalenbank.11538
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
Us beppe wenne yn Drachtster Kompenije. Beppe fortelde (1900) dat der wenne in froumins yn 'e Kompenije, dy hie de macht, dat se samar ien in protte luzen oanbringe koe. Op in snein-to-moarn roan se mei in oare frou nei tsjerke ta. Doe't dy oare frou efkes letter yn 'e tsjerkebank siet, siet se ûnder en ûnder 'e luzen.
nl.verhalenbank.11565
1