Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen twa mannen oan 't meanen. Der roan in merry mei in fôlle njonken har yn 't lân.
Doe gong de iene ynienen oer de sleat en snapte de fôle. Dy makke er dea en iet dêr in grou stik samar rou fan op.
Doe sei syn kammeraed: "Giet dat hjir sa?"
"Ja," sei de oare, "ik ha tiden, dan mat ik hwat forskuorre om op to iten. It is in gelok dat dy fôle hjir...
nl.verhalenbank.31531
Yn Garyp wienen froeger wol pleachbeesten. Dy seagen der út as grouwe swarte hounen.
nl.verhalenbank.22985
Yn dat boskje spoeke ek in grouwe houn mei greate gleone egen.
nl.verhalenbank.23031
As wy op it hiem moesten dêr't in lulke houn wie, dienen wy duveldrek yn 'e bûse.
Liuwefet yn 'e bûse mat ek helpe.
nl.verhalenbank.23117
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
Us heit hie forkearing mei in faem yn Marum (= Marrum). Hy roan dêr alhiel hinne. Hy kom dan yn 'e nacht werom en 't wie in hiel ein rinnen. Mar hy sei: "'k Wie noait binaud." Mar op in kear, doe hat er al binaud west.
Hy kom fan 'e faem werom. 't Wie om in ûre of ien hinne. De moanne skynde. Hy seach syn eigen skaed yn 't moanneljocht. Doe woarde hy...
nl.verhalenbank.21089
It gebeurde op in nacht oan 'e Hearrewei dat in feint in faem nei hûs ta bringe soe. Mar doe koenen se ynienen net fierder. It wie krekt as wie der in hiel great wyt lekken fan 'e iene kant fan 'e wei nei de oare spand. It wie spûkerij, sy binne doe werom gong.
nl.verhalenbank.20307
Us mem hat yn 'e kusten fan Trynwâlden tsjinne. Mar dat hat net sa lang duorre, hwant hja woarde dêr sa meger as branhout. Sy moest dêr altyd sûpenpotstrou ite en dêr koe se bislist gjin slok op krije. Dat doe is se dêr net bleaun.
Mar dêr yn Trynwâlden, dêr wenne in man, as dy ta de doar út kom, dan kom der altyd in grou beest by him en dat bleau èk...
nl.verhalenbank.20252