Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik wie feint. Ik kom fan Surhústerfean en moest nei de Boelensloane ta. 't Wie jountiid en tsjuster. Ik wie op 'e fyts en hie de carbidlampe oan. Mar dy brânde mei ien pit. Ik stapte ôf om der even nei to sjen. Dat wie yn 'e buert fan it Blauhûs. Wylst ik dêr sa stie, kom der in dame oanstappen. It wie in great, swart frommes. Sy gong lyk foar my stean en...
nl.verhalenbank.23484
Ik hearde al us in kear in forhael oer in pleachbeest. Dat fortelde my it minske sels, dy't it oerkom wie. It wie in pûrbêst minske, sa earlik as goud en dêr soe har net in ûnwier wurd oer de lippen komme.
Hja wie boerefaem. Hja tsjinne yn Houtigehage by in boer dy hiet fan Sytse de Boer.
Har mem wenne yn Oerterp. Dêr kaem dy faem wei. De boer hie in...
nl.verhalenbank.24664
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Pleachbeesten wienen yn 'e nacht warber. 't Wienen beesten, swart fan kleur, mei egen sa great as thépantsjes. Dy fleagen de minsken samar oan.
nl.verhalenbank.31650
Yn Olterterp lei in hiele grouwe beam oer de wei. Der wienen manlju mei dwaende om dy beam op 'e wein to laden, mar dat koenen se net rêdde. Doe fregen se Ynse, of dy helpe woe. Ynse sei: "Goed. Nim jimme dan meimankoar de lichte ein, dan nim ik de swiere ein. Klear?" Doe hufte hy de beam op 'e wein, dy't se der meielkoar net op krije koenen. Mar doe...
nl.verhalenbank.19686
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen."
Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Wytse Hountsje (= W. van der Wal) fan Sumarreheide wie froeger fédriuwer. Op in nacht fan tongersdei op freed, doe't er mei fé nei Ljouwerter merk ta soe, hat er in grouwe swarte houn sjoen, mei greate eagen. In great ketting sleepte achter him oan. Hy hat it my sels forteld. It doogde net mei dy houn.
nl.verhalenbank.33332
By de Boelensloane hat men it Dwarsdjip. Dêr lei in dam yn, dêr moesten de minsken oer. Kom dêr ien by nacht, dan stie der op dy dam in wyt ding, sa great as in skiep. Dat woe de minsken keare.
In man fortelde, hy hie prebearre der lâns to kommen, mar it wie wol mis gien. It wite ding hie him yn it Dwarsdjip smiten.
nl.verhalenbank.23479
Dêr op dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane roan altyd in swiere, swarte houn mei in ketting om. Sy neamden it wol in pleachbeest. Hast net ien doarst dêr by nacht lâns. Dat pleachbeest roan net hurd. It gong mei de minsken mei en dan wienen se deabinaud.
nl.verhalenbank.29390
Heit syn mem (Twizelerheide) hie de wask oan 'e line hingjen. Dy soe se by joun gau ynhelje. Mar doe sloech se de egen ynienen op in hiele greate houn, dy't lyk foar har stie. It beest wie sa great as in keal. Beppe koe fan skrik de egen noait wer ôfdraeije. Hja stie stokstiif en seach de houn mar oan.
Doe't se even letter hwat bikaem en de egen even...
nl.verhalenbank.19319
Heit hat wol us in pleachbeest sjoen. It wie in dier mei hiele greate earen, krekt as fan in ezel. In pleachbeest kearde de minsken. Dan koenen se der net troch. It klapte mei de earen.
nl.verhalenbank.19682
Op in snein-to-moarn wie 't jongfolk fan 'e Westerein by de Swâdde oan 't piksjitten en sintsjesmiten. Dat dienen se dêr wol folle faker op snein-to-moarn. Doe kom dêr in hiele greate houn lâns, hast sa great as in koe. Dy reage alles út elkoar. It wie de kweade. Sy makken allegear hurd dat se thús kommen.
nl.verhalenbank.19318
Hy hie sokke greate hannen, dat hy koe mei ien hân twa stientsjes (= tegeltjes) biklamje.
nl.verhalenbank.22882
It Blaufallaet telt sa'n trettsjin huzen. It lêste hûs stiet hwat achterút. Dat is in âld plaets.
Se hienen dêr in soan yn 'e hûs, dêr't ik wol kammeraed mei wie. Op in kear kom ik der lâns yn 'e nacht. 't Wie fiif minuten foar tolven. Doe't ik oan 't plaetske ta wie, wie dêr in houn, dy wie wol sa great as in koekeal. En dy woardde ek samar ynienen wei....
nl.verhalenbank.17742
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart.
Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
Ik bin ien kear mei sterke Ynse fan Sweachster merke kom.
Yn 'e Sweach stutsen wy oan yn 'e herberch. Dêr hongen skealjes yn 'e trochreed, dêr koenen bargen op woegen wurde. Wy woegen ús dêr. Ik tocht: ik win it, hwant ik like mear mâns to wêzen, mar Ynse wie de swierste, die bliken.
Mar syn hannen - sokke ha 'k letter noait wer sjoen. Dy wienen wol twa...
nl.verhalenbank.25457
Hearke wie in hiele greate lange keardel. Fuotten as fan in reus.
Alles wie dûbel oan him (allemaal onjuist A.A.J.)
Syn frou wie ek sa great (allemaal onjuist A.A.J.)
nl.verhalenbank.22884
Yn 't Westen fan Aldegea wienen inkelde lantearnen by de wei lâns. Dy joegen mar in bytsje ljocht. Op in joun let moest ik de kant út nei Earnewâld ta. Doe't ik by de earste lantearne wie, kom der my in houn op side. It wie in houn sa great as in keal en alhielendal swart. Ik woarde binaud. Hy roan stiif njonken my lâns.
Doe't ik nei syn kop seach woarde...
nl.verhalenbank.33631
Yn 'e Houtigehage wennen minsken, dy wienen tige fûl. Sy koenen it net litte op snein to arbeidzjen. Dan stie de man op it lân to hakjen. Dat foel by de buorlju bot op, dy seagen der altyd nei.
Op in snein stied er wer op it lân to hakjen. Doe kom der in hiele grouwe, swarte houn oan. Dy gong deun tsjin 'e lodde oan stean. Doe koe de man net in spit mear...
nl.verhalenbank.17745
Gerke Veenstra fan 'e Spekloane (Boelensloane) seach klear dat der elke nacht tusken tolve en ien ûre hwat by him op bêd kom. 't Gong op 't fuottenein sitten. De egen wienen earst sa great as thékopkes, dy woarden hyltyd greater, op 't lêst wienen se sa great as in pantsje. Elke joun kom dat ding. Dan wie Gerke fjûrbinaud.
Syn frou lei by him. Dan sei er...
nl.verhalenbank.22926