Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De sterkste keardel dy't ik kend ha wie Berga, de plysje fan Grypskerk. It wie de soan fan Albert Berga fan Haulerwyk. Hy wie de helte sterker as in oar. It wie in greate, grouwe keardel. Doe't er sawntjin jier âld wie, woech er twahûndert poun en wied er twa meter lang. Hy hat ek plysje west yn 'e Grinzer Pein.
nl.verhalenbank.28139
Greate Pier wie ris oan 't ploegjen. Der kom ien by him op 't lân. Hwer wennet greate Pier? frege dy.
Greate Pier krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op en sei: "Dêr wennet er", en doe stuts er de ploech rjocht foar him út. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36189
Hjir wenne in man dy wie ris by nacht op in paed. Doe kom der in grouwe, swarte houn by him, dy woarde stadichoan greater. Dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.36188
Healwei de Boelenswei spoeke it. Ik bin dêr alris op in joun lâns kom, doe kom in greate, grouwe houn my nei. Ik ha sa hurd roan dat ik ha de ûnderdoar net iens iepenhawn, sa hurd stoude ik ta 't hûs yn.
nl.verhalenbank.36211
Egbert Hoekstra hie nei de faem ta west op 't Fean.
Werom hie der in grouwe swarte houn west op it earste eintsje fan 't Blauhûs nei Boelensloane. Dy hie al mar njonken him roan. Hy sei: "Ik kom dêr noait wer lâns."
nl.verhalenbank.24380
Tusken Blauhûs en de boereplaets fan Pool (dat is de kant út nei Boelensloane) roan nachts altyd in grouwe houn. Dy spoeke dêr.
nl.verhalenbank.21401
Myn swager kom by myn suster. Dêr hied er doe forkearing mei. Hy hie altyd in revolver by him. Op in joun wie hy der wer.
Doe't er yn 'e neinacht fuort gong en op 'e Dunen wie (yn 'e Harkema) kom der in hiele greate, swarte houn by him. Dy houn wykte mar net by him wei. Doe krige er syn revolver en woe der op sjitte. Mar hy hie de macht net om to sjitten....
nl.verhalenbank.28155
Aukje, it bern fan Albert en Gees hie bot pine. Albert sei: "Dat kin âlde Jiske Wyts wol us dwaen." Hy fan 't bêd ôf. 't Wie yn 'e nacht. Hy giet regelrjocht nei 't hûs fan Jiske Wyts. Hja siet by de tafel. Fan in âld fodde hat se in popke makke en dêr stekt se yn om.
Albert krijt in dikke stien en smyt dy by har troch de ruten.
Doe't er thúskom lei it...
nl.verhalenbank.25298
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd.
In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Doe't ik tsien jier âld wie siet âlde Gjerrit Bargerbos us by ús to praten op in joun. Ik lei achter de bêdsdoarren. Mar ik wyt noch dat er sei: "'k Soe op in jountiid noch hwat wetter út 'e put helje, doe kom der in dikke kat op my yn, dy roan op 'e achterste poaten. Hy wie sa great wol as in flinke houn en hy joech my in klap mei syn sturt om 't kût...
nl.verhalenbank.24901
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei...
nl.verhalenbank.24445
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Op it lêste ein fan 'e Boelensloane stie in hulzenbeamke, dêr spoeke it altyd. Faek ha se dêr in grouwe houn sjoen. Letter, doe't se dat hulzenbeamke dêr wei helle ha, wie 't mei 't spûkjen ôfroun.
nl.verhalenbank.24695
Myn wiif wie noch net troud. Sy wenne op 'e Bulten yn 'e Harkema. Op in joun wie myn suster by har op bisite. Doe moest myn wiif nei 't húske ta. Dat stie bûtendoar, in eintsje fan 't hûs ôf. Wylst se dêr siet, kom der in grouwe, swarte houn by har. Hja bistoar it hast fan 'e skrik, hwant hy gong deun tsjin har oan stean. Hja doarst har net to forroeren....
nl.verhalenbank.28093
Froeger lei hjir yn 'e Loane in greate stien; dêr kommen de poppen ûnder wei, seinen se.
nl.verhalenbank.28132
Sy wienen froeger bang foar dikke swarte katten, hwant dat wienen yn de regel tsjoensters.
nl.verhalenbank.27604
Us mem fortelde, har heit kom ris in kear fan Doezum om sa werom nei Koarnherne (= Kornhorn) ta to gean, dêr't er wenne. By de Doezumer tsjerke gong er skean oer 't tsjerkhôf hinne. Dêr kom hwat neist him. 't Wie net ljocht mear, dat hy koe net goed sjen hwat it wie. It bleau hyltyd achter him, op 't lêst wied er thús. Doe hie der ien roppen. Hy seach,...
nl.verhalenbank.28325