Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
Nachtmerjes, plichte ús mem to sizzen, dy kinne troch 't gat fan in flesse hinne. Men kin se 't bêste keare mei roggemoal. Hwant rogge is heilich.
It wie yn 'e simmer en tige soel. Doe't it bêdgongerstiid woarde, sei heit: "Ik gean oer de flier lizzen, 't is my to binaud yn 't bêdsté."
't Wie ljochtmoannewaer en heit koe alles bûten sjen. Doe seach er...
nl.verhalenbank.20110
Hjir yn 'e Twizelerheide wenne froeger in sekere Hindrik. Dy wie ris op in kear to jounpraten nei Bearn en Griet. Doe't er de jouns wer nei hûs ta soe, woarde er folge troch in grouwe, swarte houn dy't mei him oan hûs ta roun. En dat gebeurde elke kear as er nei hûs gong. Hy siet der mei opskeept. Se seinen letter dat dat in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.33427
Us mem en dy hienen kunde, dy hienen in dochter, dy wie siik.
Hja is sawn en twintich jier woarn, doe stoar se.
Sy lei altyd op bêd, ûnder in plat dak. As se der middeis even ôf wie en 't bêd waerd opmakke, en sy woarde wer op bêd lein, dan wie 't krekt as sprong der hwat fan it plat dak ôf. Sy hearde it elke kear en op in kear doe sei se it tsjin har...
nl.verhalenbank.22130