Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
75 datasets found
Dutch Keywords: groot Narrator Gender: female
In nachtmerje is in greate, grouwe kat. Dy giet stadichoan by de stoel op, dy't foar 't bêd stiet en giet dan mei beide poaten op 't skouder fan 't slachtoffer. Hy hat wol by my west. Dan hime ik dat it hwat die en 'k wie deabinaud.
nl.verhalenbank.21292
Hjir yn 'e Westerein kaem ris op in joun in fremde kat by guon yn 'e hûs. Dat wie har buorfrou, dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. Doe hat de man mei in klomp op dy kat smiten. De oare deis hie de buorfrou in grouwe bult oan 'e holle.
nl.verhalenbank.29786
In pleachbeest is in greate grouwe houn mei gleone egen. Hy is swart.
nl.verhalenbank.29784
By de hulzenhage, tichte by 't Blauhûs spûke altyd in grouwe houn, seinen se. Myn neef wie boerearbeider fuort by 't Blauhûs. Dy moest alle moarnen om fjouwer ûre dêr lâns, dan moest er nei Tsjerk Poppinga ta. Op in kear doe wie der sa'n grou beest by him kom en dat beest sette him de poaten op it boarst. Dat neamden se in pleachbeest. Sûnt dy tiid hie...
nl.verhalenbank.32777
Wy wienen us mei 't skip to Feanhuzen. Dêr soenen wy turf weihelje. Doe siet dêr in slangenêst ûnder in ring turven. Heit stiek in grouwe slange dea. Dy hie in giel kroantsje op 'e kop. Doe seinen se tsjin my: "Dû mast dêr wei!" Fan alle kanten kamen de slangen opsetten. Ik bin hurd útnaeid, mar heit noch folle hurder. Allegearre naeiden wy út, hwant it...
nl.verhalenbank.21044
Dy grouwe houn ha wol mear minsken dêr sjoen. It wie in pleachbeest woarde der biweard.
nl.verhalenbank.21454
Bouke Brinkman wie al âld. Hy rekke bitsjoend. Doe gong er nei Kûkherne ta, nei Wopke, de duvelbanner. It wie Minne Brecht, dy't him bitsjoend hie. Bouke sei tsjin Wopke: "Ik mat in drank fan dy ha; ik bin bitsjoend." Wopke sei: "Ik hoef dy gjin drank mei to jaen, hwant dy giet dochs stikken ûnderweis." Mar Bouke sei: "Jow him my mar mei." Doe rekke Bouke...
nl.verhalenbank.29746
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570
Op in kear, doe wie Minne Ael siik, nei't se seinen. De buorlju gongen der hinne om nei har to sjen. Mar Gjetsje, de dochter, woe de lju keare. Dy sei: "Net oan har komme, der skeelt ús mem neat." Mar de buorlju hienen nei 't bêd ta gong. En dat hie och sa raer like. Der hie in greate bult op bêd lein, oars neat. En de tekkens gongen hinne en wer.
nl.verhalenbank.29742
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen. In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen: Wat ben ik blij dat ik lig op de andere zij.
nl.verhalenbank.23131
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang. "As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd. Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn. Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Kom net to ticht by de sleat, seinen se froeger tsjin ús as bern, hwant dan pakt dy greate kikkert dy.
nl.verhalenbank.18207
Wy ha wenne oan 'e Singel op in plaets mei in bartsje. Myn broer en syn kammeraet wienen us op in joun by de plaets, doe seagen se in swart ding. As hja roannen, dan roan dat swarte ding ek. Se wienen der krekt to fier ôf om sjen to kinnen hoe't it der útseach. 't Bleau hyltyd foar harren op. 't Wie in ding as in minske sa great en 't like wol as it in...
nl.verhalenbank.18213
Pleachbeesten wienen sa great as in keal. Se hienen greate gleone eagen en greate earen. Se stienen faek by in omstap. Se joegen noait rûmte, mar se dienen de minsken oars gjin kwea. Se sprongen de minsken ek wol us op 'e rêch. Myn âlde mem hat us ien troffen. Sy roan fan Noard Drachten by de Dwarsfeart lâns en kom oer de Hege Brêge. Doe moest se fierder...
nl.verhalenbank.19496
Ik wie sahwat sechstjin jier en ik wenne by myn beppe. Dêr bin ik greatbrocht. Ik wie nochal hwat mounich en ik hie in nuvere gewoante: ik flokte yn dy tiid bot. Letter haw ik my dat ôfwend; ik docht it nou net mear. Op in kear kom ik by myn kammeraetske wei. Ik wie dêr fiersto lang bleaun, dat wie net goed, dat wist ik wol. Beppe wie dêr ek min oer to...
nl.verhalenbank.29769
Ien fan 'e Feddema's fortelde, hy hie us nei de Broek ta sild en doe hie der ynienen in hiele greate baer (= golf) oer de wei west. Doe koed er net fierder. Dit sloech neffens him op in lettere oerstroming dy't komme soe. 't Wie foartsjirmerij. Mar dy oerstroming hat der noch net west.
nl.verhalenbank.18205
Rinse de Wind wie in hiele raren. Hy wenne yn 'e Harkema. It wie in earsten fjochtersbaes en hy flokte as in ketter. Doe't er it ris wer in kear raer dien hie, wie der in grouwe houn dy't him thús brochte. Dat wie de duvel sels.
nl.verhalenbank.29378
Myn broer kaem us op in nacht by de faem wei út Burgum. Doe't er by 't Wyldpaed wie by Arentsfeart seach er yn 'e berm in houn sitten. Earst koed er net sjen hwat it wie. It wie in beest noch greater as in keal. En 't wie rûch en swart. 't Hie hiele greate egen yn 'e kop. En de kop wie sa great as dy fan in bolle. En 't hie greate tosken. Myn broer stapte...
nl.verhalenbank.22128
35