Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Wy wienen us mei 't skip to Feanhuzen. Dêr soenen wy turf weihelje. Doe siet dêr in slangenêst ûnder in ring turven. Heit stiek in grouwe slange dea. Dy hie in giel kroantsje op 'e kop. Doe seinen se tsjin my: "Dû mast dêr wei!" Fan alle kanten kamen de slangen opsetten. Ik bin hurd útnaeid, mar heit noch folle hurder. Allegearre naeiden wy út, hwant it...
nl.verhalenbank.21044
Heit fortelde: In man en in frou fan Droegeham hienen to jounpraten west. Doe't se weromkommen, kom der har in houn op side, sa'n grouwen as se noch noait sjoen hienen. Mei greate egen. 't Wie in pleachbeest. Hy wie mar net by har weigong.
nl.verhalenbank.28510
Anne Veenstra (Anne Carro seinen se tsjin him) dy fortelde my doe't ik in jonge wie fan in jier of alve, tolve:
"Ik kaem de Wedze del fan Sânbulten nei Twizel. Dat wie doe noch in sânwei. Doe't ik oan 'e diken ta wie - dêr't de diken bigjinne - kaem der in greate walfisk op my ta. Doe't er hast oan my ta wie skeat er oer de beammen hinne yn in stik lân op...
nl.verhalenbank.37342
By de Boelensloane hat men it Dwarsdjip. Dêr lei in dam yn, dêr moesten de minsken oer. Kom dêr ien by nacht, dan stie der op dy dam in wyt ding, sa great as in skiep. Dat woe de minsken keare.
In man fortelde, hy hie prebearre der lâns to kommen, mar it wie wol mis gien. It wite ding hie him yn it Dwarsdjip smiten.
nl.verhalenbank.23479
Een ouwe man die heeft me is verteld, dat ie in de vroeger jaore an de Maasdijk bij Ammerzoden wacht moest lopen omdat 't waoter hoog tegen 't randjie van de dijk stond. Op een gegeven moment zag hij een groot gedaante liggen met twee vurige ogen. Hij dacht, dat 't een werwolf zou wezen. Deze zelfde man had wel is hore vertelle, als hij een mes tot 't...
nl.verhalenbank.72795
Dy grouwe houn ha wol mear minsken dêr sjoen. It wie in pleachbeest woarde der biweard.
nl.verhalenbank.21454
Bouke Brinkman wie al âld. Hy rekke bitsjoend.
Doe gong er nei Kûkherne ta, nei Wopke, de duvelbanner. It wie Minne Brecht, dy't him bitsjoend hie.
Bouke sei tsjin Wopke: "Ik mat in drank fan dy ha; ik bin bitsjoend."
Wopke sei: "Ik hoef dy gjin drank mei to jaen, hwant dy giet dochs stikken ûnderweis."
Mar Bouke sei: "Jow him my mar mei."
Doe rekke Bouke...
nl.verhalenbank.29746
Heit syn omke hie us nei Jistrum ta west. Werom gong er oer Hiltsjemoaiwâlden skeanoer, dat wie koarter. Dêr yn Hiltsjemoaiwâlden wenne in man, dy koe tsjoene. Heit syn omke hie in skoft by him stien to praten. Op it lêst hie dy man egen krige as koallen fjûr. Omke wie der binaud fan woarn. Doe't er fuort gong, joech er omke in apel mei. Dy die er yn 'e...
nl.verhalenbank.19336
Hy fortelde ek: "Ik siet us op 't húske. Doe kom der in hiel great ding by my. Noch greater as in skiep. Ik woarde sa binaud, dat ik doarst hast net yn 'e hûs. Mar even letter gong 't ek wer fuort."
nl.verhalenbank.20570
Jan Sytses (Dykstra) wie in âld skipper fan Eastemar. Dy koe tige lige. Hy fortelde: "Ik haw ris mei 't skip op in plak west, dêr wie 't reid sa lang, dat it rikke boppe de mêst út."
nl.verhalenbank.33726
Op in kear, doe wie Minne Ael siik, nei't se seinen. De buorlju gongen der hinne om nei har to sjen. Mar Gjetsje, de dochter, woe de lju keare. Dy sei: "Net oan har komme, der skeelt ús mem neat." Mar de buorlju hienen nei 't bêd ta gong. En dat hie och sa raer like. Der hie in greate bult op bêd lein, oars neat. En de tekkens gongen hinne en wer.
nl.verhalenbank.29742
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen.
In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
In pleachbeest haw ik noait sjoen. Mar ik ha wol fortellen heard, 't wie in dier as in greate houn. 't Siet rûch yn 't hier en wie donker. 't Hie greate, gleone egen en 't snúfde altyd.
De minsken joegen him hwat út bangens, dan bleau er by jin. Hy die jin neat. Jy koenen him net fuortjeije, dat joech neat. Hy gong út himsels wer fuort. It dier hie hiele...
nl.verhalenbank.24474
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen:
Wat ben ik blij
dat ik lig op de andere zij.
nl.verhalenbank.23131
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang.
"As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd.
Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Dêr op dat lêste eintsje fan 'e Boelensloane roan altyd in swiere, swarte houn mei in ketting om. Sy neamden it wol in pleachbeest. Hast net ien doarst dêr by nacht lâns. Dat pleachbeest roan net hurd. It gong mei de minsken mei en dan wienen se deabinaud.
nl.verhalenbank.29390
In kammeraet fan my hat us in pleachbeest njonken him hawn. Hy roan op in joun allinne. Der kom in grouwe houn by him, dy roan deun tsjin him oan. Doe't er yn it doarp wie yn 'e buorren, gong de houn wer fuort.
nl.verhalenbank.23865
Tusken de barten en de wei yn 'e Westerein roan in pleachbeest, sei Anne-moai. Men moest altyd in koarste roggebrea by jin yn 'e bûse ha, dan gebeurde der neat. De pleachbeesten brochten de minsken nei hûs ta en roannen deun tsjin 'e minsken oan. In pleachbeest seach der út as in greate, swarte houn.
nl.verhalenbank.21069
Yn Burgum wenne in widdoufrou, dy hie twa famkes. It âldste wie fjirtsjin jier. Hja hie ek twa famkes forlern. Hja wennen yn in arbeidershûs en dêr hienen se froeger wol stilen yn.
Deis wie de widdou by de boer op it lân en de beide famkes moesten de húshâlding dwaen. As hja thúskaem stie it iten al op 'e tafel. Mar op in kear kaem se thús, doe wie der...
nl.verhalenbank.19723
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217