Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Trekwei by de Kalkhúsbrêge, der mat yn myn bernejierren in grouwe, swarte houn west ha. Dy kom altyd oer de brêge, roan in eintsje by de feart del en waerd wer wei. Dy houn spûke dêr.
nl.verhalenbank.37355
Anne Veenstra (Anne Carro seinen se tsjin him) dy fortelde my doe't ik in jonge wie fan in jier of alve, tolve:
"Ik kaem de Wedze del fan Sânbulten nei Twizel. Dat wie doe noch in sânwei. Doe't ik oan 'e diken ta wie - dêr't de diken bigjinne - kaem der in greate walfisk op my ta. Doe't er hast oan my ta wie skeat er oer de beammen hinne yn in stik lân op...
nl.verhalenbank.37342
Ek in kear doe siet der in murd yn in hoale. Pake die in bûsdoek om 'e hân en helle sa de murd der út. Hy knypte sa bot, dat hy tocht: nou is er wol dea. Mar ûnderweis hat de murd him noch biten. Doe't er thús wie meat er de murd. Hy wie 6 tegeltsjes lang.
nl.verhalenbank.32217
Myn skoanheit syn buorman wie in soan fan Lamke.
Dy hie in dochter Hiltsje.
Reinders Oeke fan Twizelerheide wie de overste fan 'e tsjoensters. Dy learde Hiltsje it fleanen.
Skoanheit sei: "Ja, jimme kinne 't leauwe of net, hwant hja fluttert al fan 'e ûnderdoar op 'e pomp. Jimme kinne wol bigripe, 't sit yn 't laech. 't Is in beppesizzer fan Lamkje! Jimme...
nl.verhalenbank.37350
Pleachbeesten binne dieren as hounen. Se binne rûch.
Ik ha wolris ien sjoen oan 'e âlde achterwei yn 'e Falom, dêr't ik oan wenne ha. Dat wie by de earste Breedte. It pleachbeest lei dêr in bulte op 'e berms op 'e hoeke fan 'e wei. In pleats hie dêr it sicht op.
It dier die neat. As ik jouns let thúskaem, dan lei er dêr. Hy hie greate bargeearen.
nl.verhalenbank.25185
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
Yn 't lêst fan 'e foarige ieu wienen der yn 'e Koaten op in joun in ploechje jonges by elkoar. Sy wienen oan 't kuijerjen. 't Wie ljochtmoannewaer. Sy kuijeren op 'e âld wei, dêr't in breed, wyt sânpaed by lâns roan. It gong drok op in sjongen.
Mar ien fan 'e kammeraden hâldde ynienen op, en sei ek neat mear. In grouwe, greate keardel, sa great as se noch...
nl.verhalenbank.15773
Der spûke in swarte houn tusken Feankleaster en Twizel op it Wyldpaed. It wie in great beest, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. 't Waerd der ljocht fan yn 't tsjuster, as hy der oan kaem. Men koe him altyd oankommen hearre, hwant syn poaten klapten krekt as dy fan in hynder. Noait liker as sieten der hoefizers ûnder, sa hearde it.
Der binne wol guon...
nl.verhalenbank.29927
Der wie in frou, dy roan de Wedze lâns. Sy seach oan 'e kant in wêzen lizzen, dat hie egen as thékopkes en sa gleon as koallen fjûr. It wie by ljochtskyndei.
nl.verhalenbank.15749
In keardel fan de Hale hie op 'e Boppewei roun, by Feanwâlden. Doe wie der in ding njonken him kaem, krekt sa great as in keal. 't Wie roetswart. 't Wie hyltyd by him bleaun, krekt salang oan't er thús wie, op 'e Hale yn Moarmwâld. Hy hie sa deabinaud west, dat hy wie mei de klompen oan yn 'e hûs kommen stoud.
Hy hie oan elke hier in switdrip hawn. Hy hie...
nl.verhalenbank.29529
Ek in kear doe moest ik nei in oar stik lân. Ik hie de polsstok by my; ik tocht, ik moat hjir mar oer de sleat springe. Mar doe wie dêr in daem, dy hie 'k noch noait earder sjoen. Ik tocht: dan rin ik oer dy daem.
Mar doe wie dat de rêch fan in fisk dêr't ik oerhinne roan! Sa'n grouwe fisk wie dat!
nl.verhalenbank.37361
Op 'e Miedwei spoeket altyd in wyfke mei in greate paraplu. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.24888
Yn 'e Westerein wenne ek in minske, dat tsjoene koe. Us mem hie bisite, hja sieten togearre as froulju to praten; tafallich hienen se it oer dy tsjoenster. Doe gong de doar iepen en dêr stie se, de tsjoenster. Mem har bisite sei: "Wy hienen 't krekt oer dy. Dû kinst tsjoene." Hja waerd lulk en gong der út. Doe't se goed en wol bûtendoar wie, stie der in...
nl.verhalenbank.32340