Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har.
Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen.
In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang.
"As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd.
Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Hjir dwars oer wenne Feitse Mud. Dy tsjinne by in boer yn Oerterp. Hy hie in keppel bijen, dy brochten se op in kear achter Duerswâld nei de heide. Dat dienen se yn 'e nacht mei in greate wein mei twa hynders der foar. It wienen allegear kuorren op 'e wein. Feitse en de boer sieten togearre foar op 'e wein. Sa kommen se op 'e Mounleane.
Doe sei de boer:...
nl.verhalenbank.23586
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, flak by de plaets fan Tsjerk Poppinga wienen us fjouwer man by elkoar. It wienen Oeds Mientes, Rinse Koeze, Japik Rot en dan noch ien. Sy sille mei har fjouweren de loane yn.
Doe kom dêr ynienen samar ûnforwachts in fôlle oansetten. Dy kom by Tsjerk Poppinga ta de wâl út. Doe't se kommen to sjen hie dy fôlle egen yn 'e kop...
nl.verhalenbank.21636
Tusken Blauhûs en dy hulzenhage roan froeger in pleachbeest. It like in dikke grouwe houn.
nl.verhalenbank.24228
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039
Der roan froeger in paed achter 't Fean del, dat kom út op 'e wei nei de Boelensloane, tichte by 't Blauhûs.
Dêr roan nachts altyd in grouwe houn om, in swarten. Dat wie in pleachbeest, seinen se.
nl.verhalenbank.23837
Myn heit syn heit, dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in reus. Hy wie omtrint in heale meter greater as gewoan. En sterk! Mar hy wie sa bang, dat hy is wol dwars troch de wyk hinne gong nei hûs ta. Hy hie in lyts bihindich wyfke, Aeltsje, dêr wied er ek stjerrend-binaud foar.
Hy dolde in weinfol jirappels, en as de kedde 't net lûke koe, dan...
nl.verhalenbank.24232
Dyselde skoanmem har earste man tsjinne as boerefeint.
Op in joun gong er nei in plak ta, dêr't se him biwosken. It smoarge waskguod hied er by him. Hy leaude oan neat en wie in greate spotter. 't Wie al aerdich let. Doe kom der him ûnderweis in dikke swarte houn tomjitte. En doe woarde dy feint wol sa bot slein en ôftichele, dat der wie gjin rie ta. De...
nl.verhalenbank.29412