Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: grond Narrator Gender: male Place of Narration: Houtigehage
Hessel Meijer soe mei stokken nei Skoat ta nei de hynstemerk om dy dêr to forkeapjen. Alde Jan Scholte fan 'e Trije Roede soe ek mei. Dy soed er de moarns ophelje. De stokken hie Hessel yn in bosk op 'e rêch. Jan Scholte wachte op him. It duorre him to lang, dat doe roan er Hessel mar tomjitte. Doe't Jan Scholte sahwat oan it hûs fan Sytse Liger ta wie,...
nl.verhalenbank.21694
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har. "Goeije navend", sei Tryn. Dat wyfke sei neat werom. "Ik sei navend", sei Tryn. Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn. Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Sterke Hearke fan Droegeham wie oeral bikend om syn greate kracht. Der wienen ris twa man yn Grinslân, dy wienen ek tige sterk. Dy hienen der fan heard, dat Hearke sa sterk wie. Se woenen wolris mei Hearke fechtsje. Doe setten se op Droegeham ta. Se kommen de wei del en doe seagen se dêr in man oan it ploeijen. "Lit ús dy man ris freegje hwer't sterke...
nl.verhalenbank.37695
Yn Boelensloane, seinen se altyd, dêr doochde it net. Der wie us in kear feest yn 't Folksgebou en wy wienen dêr hinne: ikke mei twa kammeraten en trije famkes. Wy binne de Loane útpasseard. Even fierder as Jan en Met wie in âld wylgebosk en dat skodde wol sa bot en it bromde dêr - It gong der sa bot oan wei, as soe 't ta de groun út.
nl.verhalenbank.23566
Alde Iebeltsje, dat wie Teije de Haan syn mem, dy seach hiel faek hwat fan tofoaren. Sa hat hja tiden fan tofoaren sjoen hoe't de lju dwaende wienen mei de fundaminten fan 'e Wilhelmina-hoeve. Dat is op 'e Skieding. Sy seach de pealtsjes yn 'e groun stean. Letter seach se fan tofoaren it hiele hûs. 't Wie in moai wyt hûs, sei se, mei koperen krukken oan...
nl.verhalenbank.21628
Sterke Hearke woardde us by in kerweike roppen. Der moest in hiele grouwe swiere beam op in wein laden wurde. Dat wie flak by in herberch. Hearke laedde de beam pûr allinne op 'e wein. Doe gongen se nei de herberch ta, mar sy hienen it fatsoen net en traktearje Hearke op in slokje. Doe gong Hearke der út. Hy hat de beam wer op 'e groun falle litten. Doe...
nl.verhalenbank.19589
Jan Hepkes dy gong to meanen. Hy hie al in skoft oan 't meanen west doe fornom er dat er de fuorring noch om 'e seine sitten hie. Hy die de fuorring fan 'e seine ôf. Doe tocht er by himsels, nou wol 'k mei-iens ek even harje. Hy sette 't harspit yn 'e groun en bigong wer to meanen. Doe tocht er: dêr komt in knik yn 'e seine. Doe hied er de kop fan 't...
nl.verhalenbank.23886
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter. Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel. Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is...
nl.verhalenbank.25548
Jan Hepkes hie in pear dagen mei to slotten west nei 't Peinder kanael. Hy wie alhiel net in werker. Doe't er wer thús wie, doe sei er tsjin syn suster: "Mast dêr us sjen, sa'n wite douwen binne dêr yn 'e loft." Doe hienen dat syn spitten west. Sa heech hied er by 't dollen de spitten smiten. Dy wienen noch net iens wer op 'e groun tolânne kom.
nl.verhalenbank.23887
Us heit Jan Pultrum en myn omke Klaas Weening fan 'e Harkema wienen us in kear by de Bearnedaem op 'e Trije Roede. Dêr spoeke it altyd. Sy wienen mei in foer hea oan 't laden. Doe sei heit tsjin Klaes-om: "Mast dêr us sjen." Doe kom dêr in frouljusholle ta de groun út. En doe woarde dat in hiel frommes. Sy naeiden allebeide hurd út. Doe't se in skoft...
nl.verhalenbank.23728
35