Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema (deasketten yn 'e oarloch troch de Poepen) is us smiten woarn. Wy stienen as jonge keardels fan sa'n fyftsjin man by elkoar. Der wie in fisker, dêr praetten wy mei. 't Wie by de Piter Simenskamp.
Ynienen woarde Sytse Jager tusken ús weitild en smiten. Wy ha him net wer sjoen. Hy hat der in dei of hwat siik fan...
nl.verhalenbank.19487
Op in nacht soenen wy meiïnoar om hwat apels yn it hôf fan Klaes Bottema op it Wytfean.
Doe't wy goed en wol yn 't hôf wienen, bigounen de amers en bussen to biwegen.
Wy seinen tsjin inoar: "Hjir wei."
It wie in hiel stik lawaei, sa bot woarde der mei bussen en amers smiten.
Ik wie der mei noch in stik of seis út 'e Harkema: Wibe Visser, Jelle (de Wind?),...
nl.verhalenbank.19457
Doe't ik noch sa'n jonge wie gebeurde 't op in kear dat in stik of acht, njoggen man, sa'n ploechje jongfolk, op in joun oan 't kuierjen wie. Sy kommen út 'e kroech en guon hienen 't raer opsein. Doe't se healwei Surhuzum en Stiensgea wienen, sahwat krekt by 't âlde pypke woarde der samar ien út it keppeltsje weismiten, boven oer de beammen hinne.
nl.verhalenbank.26214
De kant út nei Grins stiet it Godloas Tolhûs. Dêr wienen ris op in snein-to-joun in stik of hwat bazen, op 'e betonnen brêge, dy prebearren yn hoefolle tredden hja oer de brêge kommen.
Der wie ien jonge yn it ploechje, dêr koenen de oaren it lang net tsjin hâlde, dy wie altyd foar.
Doe sei er: "De duvel kin 't hjir net iens tsjin my hâlde."
Doe seinen de...
nl.verhalenbank.26215