Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: groep Narrator Gender: male Place of Narration: Harkema
Alde Bartele Pypke (= B. Bijma) wie mei noch trije man to fiskjen tichte by de Leijen. Sy sieten dêr by in âld dyk. De trije dy't by him wienen, dat wienen forkearden, dy dienen oars neat as spotten en wienen nergens binaud foar, biwearden se. 't Wie stil waer, mar doe bigong it ynienen bot to waeijen. Doe seagen Bartele syn trije maten ynienen hwat. Sy...
nl.verhalenbank.25744
Doe't ik sa'n jonge wie en wy noch op 'e Hamster Ikkers wennen hienen wy jouns in bulte lêst fan katten om 't hûs hinne. Wy doarsten der soms alle trije net iens út to pisjen. De katten fleagen by ús doarren op en by omke en dy's krektgelyk. Op in joun doe leinen wy al op bêd. Doe gong it der wer sa oanwei mei de katten, dat heit fljocht fan bêd ôf en hy...
nl.verhalenbank.21645
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
nl.verhalenbank.21255
In stik of fiif lju, dy fierden yn in herberch yn Droegeham it heilich avondmael. Ta straf ha se der alle fiif in stive nekke fan oerhâlden. Sy koenen letter de nekke net wer omdraeije.
nl.verhalenbank.25733
Rixt wie us op 'e Feanster boat en farde mei nei Ljouwert ta of oarsom. Der wienen arbeiders en kooplju op dy boat, dy pleagen har. Hja hienen hwat to djip yn 'e romer sjoen. It bigong Rixt to forfelen. "Ophâlde", sei se. Mar hja hâldden net op. "Nou warskôgje ik jimme noch ien kear", sei se. Mar it joech neat. Doe stuts Rixt har lofterearm út en hja...
nl.verhalenbank.23434
Der wie in nije doomny kom, dy't to Ikkerwâld en yn 'e Broek preke. De fammen en feinten gongen net tagelyk to fragelearen. Elk hie it apart. Doe't doomny de earste kear fragelearen jown hie oan 'e fammen to Ikkerwâld, sei er tsjin ien fan 'e tsjerkerie: "Tsjonge-jonge, dat binne fammen, dy meije der wêze hear." "Ja, mar," sei it tsjerkeriedslid, "dan mat...
nl.verhalenbank.23438
Guon koenen in flesse drank komme litte. Dan stjûrden se skoppenboer fuort. 't Gebeurde meast yn herbergen. Reid Keuning wenne op 'e Tille. Dy die oan spiritisme. Dêr siet jouns gauris in klubke. As der gjin drank wie, dan sei er: "Nou kin 'k wol drank krije, mar dy't it bistelt, mei 't net oannimme. Dat ien fan jimmes mat de flesse aenst oankrije. Dan...
nl.verhalenbank.25728
Wy wennen op 'e ein fan 'e Krúswei en hienen froeger in molkrit. Wy moesten de bussen nei dikke Marten bringe, dat wie de fierste. Mar dan moesten wy by Freark lâns. Dêr gongen wy fan 'e wein. Dat gebeurde op in kear, doe woarde it hynder kjel. It sprong oan kant. Wy woarden kjel, mar Freark bleau bidaerd. Hy sei: "Dat ha 'k wol faker bileefd. Salang as...
nl.verhalenbank.23953
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har. Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf. Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
nl.verhalenbank.25767
Op it Fean wienen us tolve man meiïnoar oan 't dânsjen. Doe ynienen wie der in trettsjinde man by. Doe hâldden se fuort op.
nl.verhalenbank.21303
In keppeltsje jongfolk fierde it heilich avondmael op 'e Tille yn 'e herberch oan 't Knjillisdjip. It gong der bot op in flokken en spotten. Mar ien fan dyselden is dy nachts yn 't baggergat tolânne kom en de oare moarns founen se him. Hy hong dea yn 'e beam.
nl.verhalenbank.21302
35