Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wienen us guon by Rikele Myt troch de hage krûpt om yn 't hôf to kommen. Der siet in gat yn 'e hage. 't Wie jongfolk, se woenen ta de apels.
Doe't se de bûsen fol hienen, en wer fuort woenen, koenen se noait it gat yn 'e hage wer fine. Sy ha der wol in ûre nei socht. Op 't lêst joegen se 't oer.
"As wy de apels nou ris weigoaije", sei der ien fan har....
nl.verhalenbank.25989
Der wenne yn Hantumer Utbuorren in boer, dy hiet van der Heide. Dy hie in hiele grouwe stien op it hiem lizzen. Op in snein-to-middei ha in stik of hwat jonges mei alle macht dy stien omrolle. Doe kom de ûnderkant fan 'e stien boven. Dêr stie op to lêzen:
Wat ben ik blij
dat ik lig op de andere zij.
nl.verhalenbank.23131
In Niebert in café Vermeulen woaren us op in oavend zes man. Die hielden doar in fergoadering. Sy spilen dêr mei kaerten. Deselde dy't woun, moest in flesse drank komme litte. Doe't it spultsje út wie gongen se mei har seizen nei in aparte keamer ta. Dêr woarde in kaert fuortstjûrd.
Dy't it woun hie moest de flesse drank oankrije. Mar doe't dy flesse kom,...
nl.verhalenbank.26012
Ek in kear doe siet de kroech fol jongfolk. Dat folkje woarde balstjûrich. De kroechbaes koe net mei har rêdde. Sy woarden sa oerhearrich dat hy helle de plysje der by. Mar dy koe ek neat mei 't folkje wurde. Doe rôp er Einte der by. Einte kom. Hy klaeide him spierneaken út en pakte de iene nei de oare en jage se der allegear út.
Einte-om wenne yn de Pein.
nl.verhalenbank.27308
Ynse fan Bakkefean trof us in pear minsken, dy moesten yn Bakkefean hwat lade op in wein. Dat koenen se net foarinoar krije. De beammen wienen har to swier.
Doe fregen se Ynse of dy har helpe woe.
"Jawol", sei Ynse. Doe wie 't hout samar laden.
Doe gongen dy mannen nei 't café en nommen dêr in pear slokjes. Mar sy noadigen Ynse net út om mei.
Ynse tocht:...
nl.verhalenbank.26031
Olle Wyberens Trien woonde in een old boufallig huus aan de bosweg. 't Olle wief kon tsjoenen.
Wie woarn as kinderen der bang feur. Op in oavend gingen wy der weer langs. Wy woarn met sen drieën of vieren fan jonges. Se was toen sa'n fyfentachtich joar.
"Sollen we har us uutrachen foar tsjoenster?" seiden we.
Mar doe't we dat deedn haddn we der aan dat we...
nl.verhalenbank.25853
Olle Rikele Myt woonde op 'e Skieding. 't Was in tsjoenster. Op in kear hadden der jonges by olle Myt yn 't appelhof west. Se hadden de blouse fol appels. Moar doe't se wegsouden konden se niet uut it appelhof weg koomn.
Op 't lest hadden se de appels delgoaid; doe konden se der pas uutkoomn.
nl.verhalenbank.26020
Wy wienen mei ús trijen as manlju. Wy hienen ús jachtgewearen by ús. 't Wie op 'e Haule, tichte by Waskemeer. 't Wie moai ljochtmoanneskyn-waer. Wy wachten op knyntsjes om dy to snappen.
Tichteby stienen in pear dikke sânbulten.
Ien fan ús trijen hie gjin gewear. Dy sei: "Sjoch ris, sa'n fremd ding."
Der sweefde hwat fan 'e iene bult op 'e oare. 't Wie in...
nl.verhalenbank.25968
Yn Stiensgea stiet in kroech. Dêr siet us in ploechje jongfolk op in joun. It wie in dronkemanssoadtsje. Dy fierden dêr dy jouns op har menier it heilich avondmael.
Doe't dat gebeurd wie moesten se nei hûs ta.
Doe is ien fan dy mannen oer de beammen hinne slingere woarn, by de wei lâns. Letter doarst er nergens mear allinne hinne. Syn frou moest altyd...
nl.verhalenbank.25979
Us heit Jan Bijma en Janom en noch in omke: Keimpe Heidsma hienen yn 'e Parken yn 'e kroech to kaertspyljen west. Sy wienen op stap wer nei hûs ta. Keimpe-om hie hiel bot flokt en dien. Op in stuit koe Keimpe-om net fierder. Hy bleau stokstiif stean en koe net in foet forsette.
Heit en Janom gongen troch.
(Keimpe en Jan wienen bruorren fan mem)
nl.verhalenbank.25984