Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn âldste suster Janke hat ek bitsjoend west. Wy wennen yn Stiensgea doetiids en ik wie noch net geboaren. Janke wie noch mar in bern. Hja tsjirme. Hja woe net oanwinne en raesde altyd. Der wenne dêr in âlde bolkoerrinster, dy hie wakker de rin by ús. Dy woe altyd even by 't popke sjen. Dan kom se yn 'e hûs en nom Janke even yn 'e earms.
Heit bigong har...
nl.verhalenbank.32952
As in bern syn mem slacht, falle him de hannen ôf.
Of de hân groeit letter ta 't graef út.
As jy op snein in knoop oan 'e jas naeije, dan kin men net stjerre.
Aste op snein neilknipste, groeije de neilen net wer. Ek wol: dan mast alle ôfknipte neils nei dyn dead byelkoar sykje.
nl.verhalenbank.28700
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen.
Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje.
Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine.
Dêr rinne se dan achteroan.
Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette...
nl.verhalenbank.28610
De reaskonk groeide op Golgotha ûnder Jezus syn krús. Der foelen bloeddrippen fan Jezus op 'e blêdden fan dat plantsje. Sûnt binne dy der op bleaun.
nl.verhalenbank.21156
Wy mochten noait op snein de neils ôfknippe. Hwant dan groeiden se net wer, sei mem. Dat wie de straf.
nl.verhalenbank.15623
Ik kaem wol op 'e Grinzer klaei to wjurren en to flaechsteppen. Dêr stie ergens in greate plaets, dêr wie altyd in golle leech. De boer sei, dêr koe neat yn dy golle bliuwe. It sied rekke der altyd út. Dêrom waerd dy golle net brûkt. Hy warskôge it folk, dat se net yn dy golle sliepe moesten. Mar doe wie der in man, dy weage it. Hy lei der hwat strie del...
nl.verhalenbank.17562
Alde Sikke Helder hat my ris forteld, sy wennen froeger yn 'e Smoarhoeke yn in hiel lyts húske. Snein-to-moarns bleau hy altyd lang op bêd lizzen. Yn dy tiid wie 't in raren. Hy forflokte alles.
Op in snein-to-moarn lei er sa ek ris in kear op bêd, wylst song er in sankje:
De koekoek is te lui
en de bouwman broedt zijn aeijen uit.
van dideldomdei, van...
nl.verhalenbank.28793
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Myn âldste suster Janke lei noch yn 'e widze. Hja is nou al stoarn. Mar doe yn dy tiid kom der altyd in bolkoerrinster by heit en dy oan 'e doar. En dan sei se: "Mei 'k even 't popke sjen?"
Dat sei se dan troch de doar. It bern wie lang net goed, it woarde rûch fan megerens. Heit sei tsjin mem: "Nou mast dy âlde duvel hjir net wer yn 'e hûs komme litte."...
nl.verhalenbank.33001