Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: grijpen Place of Narration: Surhuisterveen
It gebeurde wol dat der lju út 'e kroech kommen, dy 't it raer en ûnfoech opsein hienen. Sokken joegen nergens om. Dan pakte de duvel har en dan woarden se in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.25233
Ik bin twakear troud west. Myn twadde man hie in soan, dy joech om God noch syn gebot. Op in saterdeijoun gongen ik en myn keardel to jounpraten. Doe gong hy op stap nei Harkema, nei de kroech fan Ruerd en Baeije. Doe't er heal de reed del wie, woarde er keard. En der wie net ien, tominsten hy seach net ien. "Duvel," sei er, "krij my net fan achteren, mar...
nl.verhalenbank.22173
De Wouda's fan Surhústerfean wienen ek tige sterk. Bindert Feikes Wouda wenne oan 'e Keale Wei tusken Surhústerfean en Doezum yn. Dy hie in soan, dy wie ûnbidige sterk. Op in kear, wylst Bindert mei in wein mei strie ûnderweis wie, hienen twa plysjes him oppakt en meinaem. Se soenen him nei Bûtenpost ta bringe, nei de marechausseekaserne omt er yn...
nl.verhalenbank.38370
Yn Feansterheide op 'e hoeke by de Trije Roede hie Haring Land in café. Dêr plichte Greate Germ (Germ Smous) faek to kommen. Germ Smous soop as in mûs. Faek wied er dronken. Sneins gong it altyd op in kaerten en dan wie 't snijen en fechtsjen. Op in kear wied er wer dronken. Doe't hy der útsmiten woarde, sei er: "Ik bin foar de duvel net binaud." Mar...
nl.verhalenbank.22067
Wibe Hut is oer de Lange Wyk smiten woarn.
nl.verhalenbank.22069
Hindrik Holthuis wenne yn 'e Harkema. Dat mat froeger in raer man west ha. Op in kear wied er wer dronken. Hy gong sjongendewei de heidepaden lâns. Hy song de tsien geboaden op in drank- en flokwize. Doe hied er in moeting mei de duvel. Dy hat him oer in hekke hinne smiten. Hy is sa raer tolânne kom, dat hy hat der in stive foet fan oerhâlden. Doe is er...
nl.verhalenbank.22068
Op it Langpaed tusken Surhuzum en Harkema rint altyd in baerch om by nacht. Mar sy kinne dy baerch noait krije, sa hurd kinne se net rinne of fytse. Hy bliuwt altyd foar.
nl.verhalenbank.19877
Yn Surhuzum, tusken de grifformearde tsjerke en it Loantsje, dêr spûket it. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger by jountiid net lâns. Myn man hie us op in sneintojoun op 'e fyts nei my ta west. Doe hienen wy noch forkearing. Doe't er tichte by de grifformearde tsjerke wie, woarde er samar op 'e harsens yn 'e feart smiten, mei de fyts boven op him....
nl.verhalenbank.19873
1