Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: grijpen Place of Narration: Sumar
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar. Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Jehannes van der Zee wenne op 'e heide. Hy wie arbeider by Sjoerd Bonnes, in boer yn Sumar. Dy Jehannes wie o sa rûch yn 'e mûle. 't Koe him neat skele hwat er sei en hy flokte om 't oare wurd. Op in moarn gong er nei de pleats fan Sjoerd Bonnes. Hy moest de hege loane del. Doe't er yn 'e skuorre kaem, pakte de duvel him. Hy waerd tsjin 'e hoannebalke oan...
nl.verhalenbank.31492
As wy jouns let noch bûten wienen as bern, dan seinen se: "Pas op, de berndieven pakke dy." Kamen wy by 't wetter, dan wie 't: "Dêr sit in hiele greate frosk yn, dy is altyd lulk op bern."
nl.verhalenbank.32059
De Man en syn basis Dêr dangelt oan 'e lange sleatten In spoeksel om, dêr elts fan grout. Eeltsje Halbertsma 'De basis, seinen se, hie er altyd op 'e Saiter, of foar de Saiter oer. Dat wie op 'e helte fan 'e Langesleatten. Dêr troffen se him altyd. Dêr leit in stik lân, dat haw ik withoefaken meand, earst mei de seine, letter mei de hynders wol en noch...
nl.verhalenbank.13040
By Burgumerdaem wie in timmerman, dy hie 't bakje mei ridskip oer 't skouder. Hy hie to timmerjen west en wie op wei nei hûs ta. Underweis hied er oanstutsen en 't wie al hwat skymrich. Hy wie frijhwat rûch yn 'e mûle. Underweis helle ien him yn, dy roan njonken him. "Goeije navend", sei de timmerman, mar de oare sei neat. "Wolstû forrekkeling, neat...
nl.verhalenbank.31811
Anne Bult, dy't letter forsûpt is, fortelde, hja wienen us as jongfolk op in joun by elkoar bûtendoar. Der woarde op 'e harmoanika spile en hja hienen alle wille. Doe sweefde dêr in wyt ding om. Dat sweefde hinne en wer. Anne sei: "As 't wer lâns komt, dan sil ik sjen dat ik it krij." Dêr kom it wer oan. Ik raemde him, mar ik hie neat. Der siet gjin...
nl.verhalenbank.32483
Remmelt de Haan moest ris op in joun oer in houtsje yn 'e Sumarreheide. Dat houtsje lei dêr oer in sleat. Doe't er sahwat op it midden wie, fortelde er, waerd er opnaem en yn 'e sleat smiten. Dat wie it wurk fan 'e duvel, sei er.
nl.verhalenbank.31639
Wienen bern jouns let noch bûten, dan sei men: "Gau yn 'e hûs komme, oars pakke de berndieven dy."
nl.verhalenbank.31628
Hjir hat ek in feint wenne, dy wie ek hiel rûch. Flokke en oangean, oars koed er net. Doe wied er in kear op 'e Griene Loane (to Sumar by 't bigjin fan 'e Hearrewei). Dêr hat de duvel him topakken krige en hiel bot smiten. Hy hie om tabak west. Idere kear as de duvel him smiten hie lei der in kladde tabak op 'e loane. Sa bot wie 't oankom.
nl.verhalenbank.24518
1