Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: grijpen Place of Narration: Buitenpost
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Sape Boersma fan Gerkeskleaster hie tofolle dronken. Hy hie yn 'e kroech sitten en doe gong er op 'e fyts sitten. Hy flokte as in ketter. Underweis, achter Strobos smieten se him yn 't Knjillisdjip. Dat die de duvel. Hy is der wer útrekke, mar doe wied er aerdich bikaem. Letter flokte er net mear.
nl.verhalenbank.30968
Oan 't Heideloantsje yn Twizelerheide hâldde froeger in wyt spoek ta. Elkenien dy't dêr lâns kaem, moest oan kant gean, oars waerd er troch dat wite spoek in ein fuort smiten.
nl.verhalenbank.20014
Ek in kear doe soe Hearke nei de faem ta. Mar syn heit wie dêr op tsjin. Dy sei: "Dû komst dêr net hinne, dat is gjin goed folk." Hearke sette it tsjin him yn 'e kant. Doe pakte de heit Hearke foar by 't boarst. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Mar Hearke skuorde him los. Syn heit hâldde in fjouwerkant stik fan 'e klean yn 'e hân en mei 't bleate boarst gong...
nl.verhalenbank.21283
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea. Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us: Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
Us pake is us in kear tusken Warfstermoune en Muntsjesyl samar yn 't lân optild woarn en in ein fierder yn 'e sleat delset. 't Wie heit syn heit. Hy hie nei in boereplaets west. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.22858
1