Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: grijpen Place of Narration: Boelenslaan
Hearke syn dochter Rixt wie èk sa sterk. Dy wenne èk yn 'e Ham. Op in kear kom se mei har feint by de brêge op 'e Tille. Dêr hienen fjouwer mannen op 'e brêge stien en dy hienen sein: "Dy fint mat werom." Doe hie Rixt sein: "Wachtsje dû hjir mar even. Ik sil wol even mei dy mantsjes rêdde." Doe't se der oan ta wie, hie se dy mannen ien foar ien by 't...
nl.verhalenbank.27586
Mem hat alris in nachtmerje by har op bêd hawn. Dy prebearre har op 'e rêch to krijen. Mar doe hie mem har mei beide hannen beetkrige, mar se wie har samar út 'e hannen weigliden, sy wie sa glêd as in iel.
nl.verhalenbank.15906
De frou har beppe hat ek us in nachtmerje by har hawn. Der kom hwat op har. Hja wachte even, gong op 'e rêch lizzen en pakte ta. Hwat stiver hja de hân taknypte, hwat flugger de nachtmerje fuortglide.
nl.verhalenbank.21718
Wienen de bern tichte by 't wetter, dan seinen de minsken: "Tink der om, aenst lûke de kikkerts dy der yn!" Kommen se yn 'e hjouwer of de rogge, dan seinen se: "Aenst pakt Antsje Pluk dy!" Wienen se jouns let bûten en woenen se net op bêd, dan woarde der sein: "Aenst pakke de nachtdieven dy!"
nl.verhalenbank.28161
Us heit hat faek lêst hawn fan nachtmerjes. "Ik ha wol sa faek prebearre ien to fangen", sei er. "Dan lei 'k klear. Dan sei 'k by my sels: - As der nou aenst ien komt, dan sil 'k har pakke. Dan ûntkomt se my net." Mar hy hat noait ien fange kind.
nl.verhalenbank.21548
Jan Hinses fan Eastemar is us in kear op 'e Swarte Wei smiten woarn. Dat gebeurde in stik of hwat kearen achter elkoar. Doe hied er drank hawn. Doe't dat gebeurd wie wied er aerdich bikom. Jan Hinses wie in broer fan ús mem.
nl.verhalenbank.24385
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
De nachmerje wie sa glêd as in iel. Op in kear sprong in nachtmerje in man op 't liif. De man pakte de nachtmerje, mar hy glied him as in iel troch de hannen.
nl.verhalenbank.21717
Ik hie in muoike, dat wie Jehannes Wyts. It wie in âld tsjoenster. Sy wenne op 'e Houtigehage. Ik hie in dochterke, dat wie ús Iebel, dy gong sneins nei de sondagsskoalle en dan joech Wytsmuoi har wol us in muntsje. Op in kear doe stjûrde myn wiif Iebel nei Japik Bron om petroalje. 't Wie al op 'e joun. Doe kom ús Iebel alhiel fan 'e wize thús. Alde...
nl.verhalenbank.24441
1