Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hoe't Wargea oan syn namme kaem.
Twa reuzen hienen de hiele dei skript. Hja hienen oan 't graven west. Doe rêstten se even út. Hja leinen de hannen boppe op 'e tsjerke en de iene sei: "O warch, o warch, o warch!"
De minsken dy't dat hearden joegen doe dat doarp de namme fan Wargea.
nl.verhalenbank.37697
De reuzen groeven hjir yn Fryslân de kanalen. Se brûkten in heale pream as skeppe.
nl.verhalenbank.22047
Twa reuzen wienen yn Eastemar. Sy moesten nei Wargea ta. It gong drok op in graven, sy dolden mei in heale pream. Doe kommen se by in doarp, doe seinen se: "Wy bin der samar." Doe krige dat doarp de namme fan Sumar.
Doe't se in hiel ein fierder wienen seagen se in tsjerke stean mei in toer. Dêr gongen se tsjinoan stean. "Hè," sei de iene reus, "ik bin...
nl.verhalenbank.23819
Jan Hepkes hie in pear dagen mei to slotten west nei 't Peinder kanael. Hy wie alhiel net in werker. Doe't er wer thús wie, doe sei er tsjin syn suster: "Mast dêr us sjen, sa'n wite douwen binne dêr yn 'e loft." Doe hienen dat syn spitten west. Sa heech hied er by 't dollen de spitten smiten. Dy wienen noch net iens wer op 'e groun tolânne kom.
nl.verhalenbank.23887
Alde Douwe Wedzinga (D. Mûs) kaem fan 't Peinder kanael, dêr hied er oan 't graven west. Hy siet dy jouns thús, doe sei er: "Hwat bin der noch in douwen yn 'e loft."
Doe hy nei bûten om to sjen, doe wienen dat noch de spitten fan it Peinder kanael. Sa heech hie er dy smiten, dat dy kommen nou earst del.
nl.verhalenbank.24722