Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie ris in man, dy soe in beamke efterhûs poatsje. Hy oan it dollen en doe rekke er mei de lodde hwat hurds. Doe wie dat in pot en dy siet fol jild. Hy helle de pot yn 'e hûs. It jild burch er op.
Op in kear hied er it lid fan 'e pot op 'e tafel lizzen. Sa kaem de dokter deryn. Dy biseach it lid is en sei: "Hea, hwat is dat in aerdich lid. Dêr stiet...
nl.verhalenbank.11540
As se froeger in sleat grave woenen, dan smieten se earst in hoed yn 'e loft. Dêr't dy hinne waeide, dêr bigongen se to graven. Dan smieten se dy hoed wer omheech en sa gong dat troch. Sy folgen dus hyltyd dy hoed. Sa mat der ek in sleat yn Aldegea kom wêze, sahwat op 'e grins fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.12201
Der wienen twa reuzen yn Fryslân, dy hâldden in weddenskip. Sy soenen elk in gracht grave. Hwa't it earst op 'e ein wêze soe, dy krige de priis. Earst skepten se mei gewoane skeppen, mar dat avensearde net genôch. Op 't lêst hienen se hiele greate skeppen. Hwat de iene reus to dwaen hie, dy krige in praem en dêr bigoun er mei to skeppen. Doe de oare ek....
nl.verhalenbank.23363
Yn 't foarige wie 't yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) noch allegearre heide. Op in kear seach ús mem samar troch dy heide skippen farren mei de lantearne yn 'e mêst. Jierren letter waerden dêr twa fearten groeven. Ien dêrfan is de polderfeart, dy't yn Earnewâld útkomt. Dêr farden letter skippen.
nl.verhalenbank.11502
Der wie in man, dy hie in apelbeam achter hûs stean. Mar dy apelbeam bleau altyd like sutrich. Hy woe beslist net groeije. De man gong hinne en graefde der omhinne. Doe stjitte hy mei de lodde op hwat. Hy sjen. Doe wie dat in potsje mei in lid der op. Dat potsje siet stiiffol jild. Op it lid stie hwat to lêzen, mar dat koe er net lêze. Dat koe him ek neat...
nl.verhalenbank.23359
De mem en beppe fan myn skoanmem soenen op in jountiid nei de tramhalte ta yn Nyegea om harren man (en heit) ôf to heljen. Sy wisten noait hoe't er thúskomme soe, hwant hy brûkte wol us drank en dan wie 't net fortroud, dat er allinne roan. Doe seagen dy twa froulju ûnderweis yn 'e Wierren (ûnder Nyegea) skippen farren op it lân. Letter is dêr in feart...
nl.verhalenbank.12308
De twa potten mei jild.
Der wie us in man, dy wie oan 't dollen ûnder in beamke. Dat beamke woe net rjocht út ein sette en hy makke de groun hwat losser. Hy dolde der omhinne, en doe kom der in potsje to foarskyn mei in lid der op. Dat potsje siet fol mei goudene munten.
Der siet lêzen op dat lid, mar dat wie yn in fremde tael. Dat koe dy man net lêze....
nl.verhalenbank.16151