Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: graven Place of Narration: Harkema
Ik ha 't ris bileefd, doe wie 'k tichte by in dobbe by de Fjouwer Wringen. Midden yn dy dobbe wie in djippe put groeven. Dêr kaem in man oanrinnen, dy roan lyk op 'e dobbe ta en forsonk yn 'e put. It wetter buorrele. De man kaem der wer út en roan fierder de Lange Loane út.
nl.verhalenbank.17524
Hoe't de nammen Eastemar, Sumar en Akkrum ûntstien binne: Der wienen in pear manlju út 'e Rottefalle, dy soenen in feart grave. Doe kommen se op in plak, dêr woenen se úteinsette. "Earst hjir mar bigjinne", sei der ien. Der wienen guon dy hearden dat en doe joegen se dat plak de namme Eastemar. Doe't se in ein fierder wienen kommen se op in plak, dêr sei...
nl.verhalenbank.32957
Bonifatius wie ris yn 'e buert fan Dokkum. Hy ried dêr op in hynder. Dat dier krige toarst. Doe kommen se op in plak, dêr bigong it hynder mei de foarste poaten to klauwen. En doe brûsde it wetter út 'e groun, samar. Dêr siet in welle. Doe hat dat hynder dêr fan dronken. Letter is op dat plak de Bonifatius-put kom.
nl.verhalenbank.33031
Reuzen groeven froeger de kanalen. Se dienen dat mei hiel greate skeppen.
nl.verhalenbank.19552
Trije manlju binne us in kear op in joun dronken fan 't Jachtfjild út 'e kroech kom. Doe't se oan 't lytse tsjerkhôf (it earme-tsjerkhôf, oan 'e beton-wei) ta wienen, gongen se dêrhinne. Sy gongen dêr sitten en lizzen. En doe ha se 't dêr raer opsein, dat men 't hast net wer fortelle doart. Alle de Haan wie der ek by. Ien sloech mei de jeneverflesse op 'e...
nl.verhalenbank.22306
't Wie by 't winter. Jan Hepkes wie der de moarns ôf kom, en hy soe de doar iepen dwaen, mar dat woe net. Sa heech lei de snie. Like heech as har hûs. Jan moest dy moarns nei de Tille ta. Hy tocht: ik mat mar oan 't graven. Doe groef er in tunnel troch de snie. Sa woed er nei de Tille ta. Doe wie der ek ien op 'e Tille, dy groef tafallich krekt sa'n...
nl.verhalenbank.26151
Twa reuzen groeven in kanael. De skeppen wienen heale preammen. Doe't se omseagen, fornommen se dat de feart net rjocht wie. It wienen Hollanders en de iene reus sei tsjin 'e oare: Ah - krom! It doarp dat der kom, hiet doe letter Akkrom.
nl.verhalenbank.16860
De boer en de frou wienen fuort, de faem wie allinne thús. Doe kommen dêr rovers, mar de faem woe se der net ynlitte. Doe groeven dy rovers in gat ûnder 'e muorre troch. De faem hie in sabel en doe't de earste syn kop ûnder 'e muorre troch hie, houde se dy kop der ôf. Doe luts se it lichum fan dyselde ta 't hûs yn. Sa hat hja àl dy rovers deamakke en ta...
nl.verhalenbank.27038
1