Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen.
De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen.
Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Oan diz' kant Hurdegaryp stiet in villa. By dy villa wie in homeije, dêr stienen de hekken altyd fan iepen. As se de hekken ticht dienen, dan gongen se fansels wer iepen. Sy woenen wol biweare, dat dêr ien bigroeven lei.
nl.verhalenbank.23626
Joeke Spoekgûler wenne to Drachten op 'e Dwarsfeart. Dy seach oerdei de spoeken foarút. Dan warskôge er de minsken dat se op dy en dy ûre net midden op 'e wei rinne moesten.
Hy seach lykstaesjes.
Hy seach ek neakene minsken. Dat wienen guon dy't gjin deaklean oan krigen hienen.
nl.verhalenbank.33219
De hekke to Hurdegaryp, dy't altyd iepen stiet:
Froeger hat dêr in âld buorkerij stien, it slot is der letter kom. Doe't dy buorkerij der noch stie, ha in boer en in feint in freesliken rúzje krigen. Sy stienen as liuwen tsjin elkoar oer, by de daem, de feint mei 't mes iepen, de boer mei de bile. Doe hat de boer de feint mei de bile deahoud. Doe hat er...
nl.verhalenbank.19379
Dyselde man fan Meppel fortelde ek:
Der wie in man, dy handele altyd. Hy slepte faek by in boer. Op in kear wied er op in joune let by dyselde boer oankom.
Tichte by de plaets fan dy boer wie in tsjerkhôf. Dêr wie dy koopman lâns kom. Doe hied er tocht: "It is nacht, hwat fremd, der binne noch in pear minsken op 't tsjerkhôf."
It like him ta dat dy in...
nl.verhalenbank.25164